Sybrand fan Cammingha

Sybrand fan Cammingha, (Ljouwert?, ? – ?, 1597), wie grytman fan Ljouwerteradiel.

Hy wie in soan fan Frans fan Cammingha en fan Fedt Stenstera, moast neat fan twingery hawwe en wie trochkrongen fan it rjocht fan de 'frije Fries'. Sa hied er gjin rêst eardat hy, op oanstean fan himsels en syn freonen, de troch Caspar de Robles, hear fan Billy, ûnskuldich finzen setten Ulbe fan Aylva út de kerker befrijd hie. Foarstanner fan de Uny fan Utert, levere mei in soad oaren in fersykskrift ta oannimming dêrfan yn by de steedhâlder George fan Lalaing, greve fan Rennenberg. Yn maart 1578 ûndertekene hy mei de prokuraasje en kommisje foar de gelêstigden ta de ratifikaasje fan dy Uny. Yn dit stik fiert hy, krektas inkele fan syn amtsgenoaten de titel fan 'keninklike majesteits grytman', yn syn gefal fan Ljouwerteradiel. Twa jierren dêrnei wie hy mei-kommitearde Steat fan Fryslân, en tekene as sadanich it rekwest oan Rennenberg, dy't al in skoftlang by de Steaten yn wantrouwen rekke wie, om Doeke fan Martena ta drost fan Harns en Rienck fan Cammingha ta Meunsterhear oan te stellen.

Doe't it yn it begjin fan 1583 nedich achte waard, om de yngesetenen fan it plattelân te wapenjen, om sa in ynfal fan de fijân foar te kommen, waard hy, op 24 jannewaris, troch de greve fan Merode, luitenant-gûverneur fan de Prins fan Oranje yn Fryslân, oansteld ta kolonel oer it kriichsfolk fan Eastergoa. Mei lêst, om it by Raerd gear te roppen. Omdat hy der as kriichsoerste en deputearre faak net wie, naam Johannes Hotses, as substitút, de saken fan de gritenij waar. Sybrand is stoarn yn 1597, en wie troud mei Trijn (Catharina) fan Donia, by wa't er ien soan (Frans fan Cammingha) en ien dochter hie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • A.J. van der Aa, Biographisch woordenboek der Nederlanden. Diel 3 (1858)
  • DBNL oer Sybrand fan Cammingha
  • Schotanus, Historie van Friesland. side 827 en 828;
  • Baerdt van Sminia, Nieuwe Naamlijst van Grietmannen. side 26-28