Doeke fan Martena (1530-1605)

Doeke fan Martena of Duco Martena (?, 1530 - Ljouwert, 11 novimber 1605) wie deputearre en lid fan de Steaten-Generaal foar Fryslân, earste admiraal Fryslân en fan de wettergeuzen op de Sudersee en kommandant fan Hasselt.

Doeke fan Martena troch Albert Martin (1873)

Hy is de lêste manlike ôfstammeling fan in âld geslacht fan Koarnjum, dat op Martenastate wenne. Nei it lângoed fan de state rinne ymposante leanen. Begjin 20e iuw wie it in ruïne, letter is it restaurearre. Trochdat hy wat leard hie wie Doeke by steat om de bibel sels te lêzen en krityk te hawwen op it roomske leauwe.

Doeke fan Martena hie in swier libben. Syn heit, Tjêbe fan Martena, stjert yn syn bertejier 1530 op Martenastate. Syn mem, Bauck fan Heringa, trout dêrnei mei Syds fan Botnia. Op syn santjinde jier ferstjert ek syn mem. Doeke Martena trout mei Swob fan Botnia, in suske fan syn styfheit. Harren earste soan stjert jong. Ek syn frou komt jong te ferstjerren. Yn 1554, hy is dan 23 of 24 jier, is er lid fan de Fryske Steaten.

Doeke is 38 jier at de Tachtichjierrige oarloch begjint. Hy is dan wertroud mei Tryn Unema. Syn soan Jan, ek in frijheidsstrider in ieren en sinen, stjert yn 1584.

Doeke syn komôf en houlik leverje him in flugge karriêre op. De famylje Martena hat in soad huzen yn de Fryske stêden. Ien dêrfan is de Martena Stins yn Frjentsjer, it lettere gemeentehûs fan Frjentsjerteradiel. It gebou wurdt nei alle gedachten in museum.

Doeke wurdt lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Yn 1564 wurdt er lid fan Deputearre Steaten. Hy ferset him fûl tsjin de strange maatregels fan lânfâd Alva en steedhâlder Caspar de Robles. Op Martena State hâldt er geheime gearkomsten. At Alva yn oantocht is moat Martena ek flechtsje.

Doeke fan Martena wurdt in wichtige skeakel tusken Willem fan Oranje en de Fryske ballingen yn Emden. Under de ballingen sit ek Karel Roarda, dy't in selsstannich Fryslân wol. Roarda stiet streekrjocht foar Willem Loadewyk fan Nassau oer, dy't Fryslân mear as in Nederlânske provinsje sjocht.

Wettergeuzen

bewurkje seksje
 
De slach op de Sudersee

De wettergeuzen krije nei fjouwer jierren striid op see, fêste foet oan wâl yn Den Briel yn 1572. Doeke fan Martena makket daliks plannen om Fryslân yn te nimmen. Grutste obstakel is it sterke blokhûs fan Ljouwert.

Yn 1573 is de Slach op de Sudersee dy't mei troch Doeke Martens in súkses foar de wettergeuzen wurdt. De wettergeuzen hawwe no de see lâns de kust fan de Lege Lannen foarfêst yn hannen. Willem fan Oranje beneamt Doeke yn 1573 ta de earste admiraal fan Fryslân. Mar Fryslân is noch net befrijd. De Robles hat syn fleat yn de haven fan Harns lizzen. Yn de slach om de Sudersee, tusken de wettergeuzen ûnder lieding fan Cornelis Dirks fan Monnickendam en de Spanjerts, ûnder de greve fan Bossu, hâldt Doeke fan Martena de fleat fan De Robles yn betwang op de rede fan it Fly. De seeslach duorret seis dagen en nachten.

Neidat de wettergeuzen Seelân en Hollân befrije wurdt it stil yn Fryslân. Pas yn 1576 bart der wat. It min betelle leger fan Spaansk befelhawwer De Robles wegert tsjinst te dwaan. Spanje is bankerot en oproer meitsjende soldaten nimme De Robles finzen.

It ferset bloeit rûnom op, ek yn Fryslân. It Hof fan Fryslân funksjonearret net mear en de biskop wurdt ôfsetten. De freze blokhuzen ferdwine. De Friezen keapje it rjocht om tenei allinnich noch Friezen ta te stean oan it Hof fan Fryslân. Ljouwert soarget mei tsien lytsere stêden foar jild en de haadstêd krijt in grutte troef yn hannen.

De pakesizzer fan Doeke, Catharina Entens ferstoarn yn 1660, bringt Martena State ten houlik oan Sjuck fan Burmania, grytman fan Wymbritseradiel († 20 juny 1650). Harren tredde soan Laes fan Burmania wennet dêrnei yn de state.

Flechtlingen krige kaaiposysjes yn it nije Fryske bestjoer dat radikaal wurdt. It bestjoer wol yn it earstoan frijheid fan godstsjinst, sa't Willem fan Oranje foarstiet. Op 13 augustus 1578 wurdt de earste protestantske preek hâlden yn Ljouwert. Dochs wurdt de roomsk-katolike religy sa'n oardel jier (3 maart 1580) letter ferbean. Kleasters gean ticht, krije in oare bestimming of wurde sels ôfbrutsen. De roomske tsjerke dy't ea sa machtich wie falt wei.

It slagget de Spanjerts yn 1580 om Doeke Martena finzen te nimmen. Willem fan Oranje biedt losjild oan mar de fijân wegeret it jild. Pas neidat de wettergeuzen in oantal gizelders yn hannen krije, geane se akkoart mei in finzeneruil. Nei hast in jier finzenskip komt Doeke Martena frij, yn ruil foar trije Spaansk gesinde 'lânslju'.

Doeke fan Martena offeret hast syn hiele fermogen op oan de frijheidsstriid. De Fryske Steaten hawwe in diel fan syn traktemint nea betelle. De eardere admiraal wurdt sa earm as in stien.

Yn 1603 ferstjert syn frou Tryn en twa jier letter, op 11 novimber, stjert er sels yn de âldens fan 75 jier. Doeke is yn de Galileërtsjerke yn Ljouwert begroeven; dy tsjerke bestie noch yn 1902. Twa fan syn seis bern libje op dat stuit noch. Swob en Bauck, twa dochters, sette it geslacht fan Martena fuort.

Famyljewapen

bewurkje seksje

It famyljewapen fan Martena is opdield: 1. Yn goud in heale earn fan swart, kommende út de dielline; 2. Trochsnien: a Yn blau in leelje fan goud, b. Yn read in beblêde ikel fan goud, de stâle nei ûnderen ta.

Albert Martin makket yn 1873 in portret fan de frijheidsstrider Doeke fan Martena. In wat skansearre skilderij hinget yn it Frysk Museum yn Ljouwert

  • Yn it sintrum fan Ljouwert sit op de Nijstêd noch altyd de Duco Martenapiip. De Duco Martenapiip ferbynt it wetter lâns de bolwurken mei de grêft yn de Nijstêd.
  • De 'Doeke van Martena' is in orizjineel IFKS wedstriidskûtsje. [1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Martena, Doeke.
  • Oer Martena en de wettergeuzen