De Galileërtsjerke is in earder tsjerkegebou yn Ljouwert yn de Nederlânske provinsje Fryslân.

Gallieërtsjerke
bouwurk
De tsjerke yn 1940
De tsjerke yn 1940
lokaasje
Provinsje flagge fan Fryslân Fryslân
Gemeente Ljouwert
plak Ljouwert
adres Twibaksmerk
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke, eardere kleasterkapel
boujier 15e iuw
sloopjier 1940

It kleaster Galilea fan de fransiskanen (minderbruorren) ferhuze yn 1498 nei de Twibaksmerk (efterkant oan de Galileër Tsjerkestrjitte). Monumintale gebouwen wiene it Kapittelhûs (sloopt yn 1849) en de kapel.[1] De kapel waard yn 1580 in herfoarme tsjerke. De Galileërtsjerke waard yn 1940 sloopt.

Dielen fan it ynterieur waarden oerbrocht nei oare tsjerken. De preekstoel bedarre yn de Hobbe fan Baerdt Tsjerke (De Jouwer), it Van Dam-oargel yn de Grote Kerk (Toalen) en in stikmannich grêfsarken lizze yn de Meinardstsjerke (Minnertsgea). It Frysk Museum krige in stikmannich boufragminten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noat