Grutte Tsjerke (Toalen)

De Grutte- of Us-Leaffrouwetsjerke is de herfoarme tsjerke fan 'e Siuwske stêd Toalen.

Grutte Tsjerke
Lokaasje
provinsje Seelân
plak Toalen
adres Kerkplein 1
koördinaten 51° 31'N 4° 13'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 14-16e iuw
boustyl Gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 365344
Webside
Side herfoarme gemeente Toalen
Kaart
Grutte Tsjerke (Seelân)
Grutte Tsjerke

De tsjerke wie in oarspronklik oan Marije wijde katolike tsjerke. De tsjin it ein fan 'e 13e iuw boude tsjerke waard yn 1404 in kapitteltsjerke.

 
Muorrebeskildering fan foar de reformaasje

De stedsbrân yn Toalen fan 1452 brocht ek skea oan 'e Us-Leaffrouwetsjerke. De fiif traveeën lange tsjerke waard sûnt 1458 op 'e nij boud, mar de ûnderste dielen fan 'e toer datearje noch fan foar dy tiid. Mooglik wie de út Brussel ôfkomstige Everaert Spoorwater de boumaster. Om 1510 hinne wie it basikale skip foltôge. Dêrnei waard in netferwulft ynbrocht, wylst de sydskippen in krúsribferwulft hawwe. Tsien jier letter waard der noch wurke oan 'e koeromgong mei in kapellekrâns, mar dy waard nea hielendal foltôge. Allinne it noardlike diel waard realisearre en oan 'e súdlike kant waard it it súdkoer boud, dat lykas it middenkoer in houten oerkaping krige. De muorreskilderings dy't yn it middenkoer te sjen binne kamen ûnder in laach witerskalk werom by de restaureaasje fan 1946-1959. It diakonyhûske en it noardlike portaal binne nei alle gedachten yn 'e 16e iuw tsjin de tsjerke oanboud.

De reformaasje late ta plondering fan 'e tsjerke. Nei't de stêd de side keas fan Willem fan Oranje waarden de tsjerkeskatten stellen en der fûnen op grutte skaal fernielings plak. Ek de bylden fan it yngongsportaal waarden by dy byldestoarm fernield. It katolike tsjerkegebou gyng oer op de Nederdútske Grifformearde Tsjerke, de lettere Nederlânske Herfoarme Tsjerke. De tsjerke krige in dûmny en yn 1638 waard in konsistoarje oanboud.

Tusken it skip en it dwersskip waard in houten wand ynbrocht. De wand waard yn 1755 beskildere mei psalm 122 en is by de restauraasje oanbrocht oan 'e doe boude muorre tusken it dwersskip en it koer, om sa de tsjerke rommer te meitsjen. Yn deselde tiid ferhûze doe ek de preekstoel mei it doophek nei it hjoeddeiske plak.

 
Kânsel

De tsjerke fertsjintwurdiget de Brabânske gotyk, is boud fan bakstien en omklaaid mei gobertangesânstien. Yn 'e krúsfoarmige tsjerke is in preekstoel mei doopstek út healwei de 17e iuw. Fierder is der in wetsboerd út 1581. Oan 'e oare kant fan it wetsboerd stiet ien mei de leauwensartikels. Oer de flier lizze sa'n 100 histoaryske grêfsarken, werfan't de âldste út 1421 datearret. Yn 'e toer hingje klokken út 1627 en 1761.

Net sa bekend mar wol bysûnder binne de 21 mummy's fan 'e tsjerke. It binne de omskotten fan leden fan 'e magistratenfamylje Van Vrijberghe út Toalen. Hja ferstoaren yn 'e 17e iuw en binne byset yn in grêfkelder yn 'e tsjerke. Yn 1947 waard ûntdutsen dat de begroeven persoanen mummifisearre binne. Under de mummy's is ek in lyts famke mei in mûtske op en in boskje blommen op de bûk. Oars as yn Wiuwert fûn it tsjerkebestjoer fan Toalen it net etysk om de kelder foar nijgjirrich publyk te iepenjen en dêrom binne de mummy's net te besjen.[1]

 
It Van Dam-oargel, dat ea yn de Ljouwerter Galileërtsjerke tsjinst die

It oargel fan 'e Grutte Tsjerke is ôfkomstich út 'e yn 1940 ôfbrutsen Galileërtsjerke fan Ljouwert. It waard yn 1832 boud troch de bruorren van Dam út Ljouwert. De midsiuwske kleasterkapel yn Ljouwert soe ferfongen wurde troch in nijbou op itselde plak, mar nei de Twadde Wrâldkriich waard it beslút nommen om dy net te realisearjen op it âlde plak mar bûten it stedssintrum. It oargel paste net yn 'e nijbou en gyng nei de herfoarme gemeente fan Doesburg, mar dy droech it ynstrumint letter oer oan de restaurearre tsjerke fan Toalen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: