Sylster Rak
It Sylster Rak is in feart op de grins fan de gemeentes Ljouwert en De Waadhoeke. It rak rint fan Skinkeskâns oan de westkant fan Ljouwert nei it westen oant Ritsumasyl en sa troch nei it Van Harinxmakanaal. Dit Sylster Rak wie eartiids de foarnaamste farferbining fan noardwest-Fryslân mei Ljouwert.
De namme Sylster Rak jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Zijlsterrak.