Synoade fan Doardt
(Trochferwiisd fan Synoade fan Dordrecht)
De Synoade fan Doardt, ek wol de Synoade fan Dordrecht neamd, wie de lêste lânlike gearkomste fan de Nederdútske Grifformearde Tsjerke ûnder de Republyk. De Synoade wie byïnoar ropppen yn opdracht fan de Steaten-ginneraal. De gearkomste waard hâlden yn 1618-1619 yn de Kloveniersdoelen yn Doardt en der wienen ek ferstjinwurdigers fan útlânske griffermearde tsjerken.
Foarsitter fan de Synoade wie dûmny Johannes Bogerman út Ljouwert.
Doel en resultaten fan de Synoade
bewurkje seksje- It foarneamste doel fan de Synoade wie te kommen ta in útspraak yn it skeel tusken de remonstranten en kontra-remonstranten.
- Op de Synoade waard besletten om de Bibel yn it Nederlânsk oer te setten. Dizze Steatenoersetting wie yn 1637 klear.
- Dan waard noch de Dordtske Tsjerkeoarder oangenomd, dy't noch hieltyd de grûnslach fan it tsjerkerjocht yn in protte grifformearde tsjerken foarmet. Yn de Hannelingen of Acta fan de synoade fan Dordrecht stiet wat der fierders allegear besletten is (sjoch keppeling).
Utlânske ôffurdigen
bewurkje seksje- Ingelân: George Carleton (1559-1628), Joseph Hall (1574-1657), Thomas Goad (1576-1638), John Davenant (1576-1641), Lancelot Andrewes (1555-1626).
- Skotlân: Walter Balcanqual 1586-1645), Samuël Ward (†1643), Guiliemus Amesius (1576-1633)
- Heidelberch: Abraham Scultetus (1566-1624), Paul Tossanus (1572-1634), Hendrik Alting (1583-1644)
- Hessen: Georg Cruciger (1575-1637), Paul Stein (1585-1643), Rudolphus Goclenius (1547-1628), Daniel Anglocrator (1569-1635).
- Switserlân: Johann Jakob Breitinger (1575-1645), Wolfgang Mayer (1577-1653), Sebastian Beck (1583-1654), Mark Rütimeyer (1580-1647), Hans Conrad Koch (1564-1643).
- Genêve: Jean Diodati (1576-1649), Theodore Trochin (1582-1657)
- Bremen: Ludwig Crocius (1586-1653), Matthiuas Martinius (1572-1630), Heinrich Isselburg (1577-1628).
- Nassau-Wetteraavje: Johann Heinrich Alsted (1588-1638), John Bisterfeld (†1619), Georg Fabricius
- Emden: Ritzius Lucas Grimersheim (1568-1631), Daniël Bernard Eilshemius (1555-1622).