TÜRKSOY (Turksk: Uluslararası Türk Kültürü Teşkilatı - TÜRKSOY) is in feriening fan Turksktalige steaten dy't yn 1993, krekt nei de fal dan de Sowjetuny, oprjochte is. Yn it foarste plak stiet de organisaasje noed foar kulturele saken mei de klam op it kultureel-eigene.

Steaten en dielrepubliken dy't lid binne fan TÜRKSOY
 
International Organization of Turkic Culture, headquarters.

Alle Turksktalige republiken dy't yn 1992 ûnôfhinklik wienen, waarden lid fan de feriening, lykas Turkije, Noard-Syprus en inkelde Russyske dielrepubliken. Grutte Turkske regio's dy't gjin diel útmeitsje fan de organisaasje binne Sinkiang (Sina) en it Iraanske Azerbeidzjan.

TÜRKSOY is sûnt 2006 dwaande om in gearwurkingsprojekt op te setten mei UNESCO.[1]

Yn 2009 waard de Turkske ried oprjochte as polityk orgaan. TÜRKSOY sil him yn 'e takomst mooglik ûnder de Turkske ried fierder ynsette op it mêd fan kulturele gearwurking.

De neikommende lannen binne lid:

De neikommende ôfhinklike gebieten binne lid:

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  1. A promissing meeting at UNESCO (Zhanar TEMİRBEKOVA)