Tûpolev TB-3
De Tûpolev TB -3 (Russysk: Tyazholy Bombardirovtsjik) ek bekend ûnder de sivile oantsjutting ANT-6, wie in swiere bommesmiter dy 't yn de jierren tritich brûkt waard troch de loftmacht fan de Sovjet Uny. It tastel waard yn 1939 offisjeel út tsjinst naam, mar dochs waard it ynset as bommesmiter en transportfleantúch yn in grut part fan de Twadde Wrâldoarloch. It wie de opfolger fan de Tûpolev TB-1. De TB-3 waard ek ynset by it Zveno-projekt en as licht tanktransportfleantúch.
Tûpolev TB-3 (ANT-6) | ||
algemiene ynformaasje | ||
rol | bommesmiter en transportfleantúch | |
lân f. oarspr. | Sovjet-Uny | |
ûntwerper | Andrei Tûpolev | |
gebrûk | ||
yn tsjinst | 1932 | |
út tsjinst | 1945 | |
tal makke | 818 (1932–1934, 1935–1937) |
Untwikkeling en produksje
bewurkje seksjeYn 1925 krige de TsAGI (Russysk: Центра́льный аэрогидродинами́ческий институ́т (ЦАГИ)) of Tsentralniy Aerogidrodinamicheskiy Institut) de opdracht in swiere bommewerper te ûntwikkeljen. De easken wiene heech: it tastel moast 3 ton bommen oer in ôfstân fan 3000 km ferfiere kinne mei in faasje fan teminsten fan 200 km/o. It lâningsgestel moast geskikt wêze foar tsjillen en driuwers. In ôfdieling ûnder lieding fan Andrej Tûpolev begûn mei it ûntwerpwurk yn 1926. De al besteande Toepolev TB-1 waard as basis foar it ûntwerp naam. De TB-3 krige tydlik fjouwer Curtiss V-1570 "Conqueror" - motors fan elts 590 hk, mei de bedoeling letter oer te skeakeljen op M-17 motors.
It model waard goedkard op 21 maart 1930 en it earste prototype kaam op 31 oktober 1930 klear. It makke de earste flecht op 22 desimber 1930 mei Mikhail Gromov as testpiloat. Nettsjinsteande in hast-ûngelok as gefolch fan trillingen waard de testflecht as suksesfol beskôge. Op 20 febrewaris 1931 karde de Sovjet-loftmacht de produksje fan de B-3 mei de M-17-motoaren goed.
De earste TB-3 4 M-17 dy't makke waard fleach op 4 jannewaris 1932. De tastellen wiene lykwols goed 10% swierder as it prototype, wat op kosten fan de prestaasjes kaam. Alle arbeiders waarden frege foarstellen te dwaan om it gewicht te ferminderjen; se krigen 100 Russyske roebel foar eltse kilogram gewichtsbesparring. Alle ynspanningen leveren in reduksje op fan hast 1000 kilogram op. It fleantúch wie yn produksje oant 1938 en der waarden goed 800 fan makke. Yn de produksje waarden in soad oanpassingen dien wêrtroch 't de tastellen yn detail en prestaasjes fan inoar ôfwike. De iepen cockpit fan de earste ferzjes waard letter ferfongen troch in tichte cockpit.
Operasjonele skiednis
bewurkje seksjeDe TB-3 waard ynset yn de Slach by Halhin Gol tsjin Japan en yn de Winteroarloch mei Finlân. Hoewol 't it tastel offisjeel út tsjinst naam waard yn 1939, wiene der oan it begjin fan de oarloch op 22 juny 1941 noch 551 TB-3’s yn gebrûk, dêr't 25 eksimplaren fan by de marineloftfearttsjinst fan de Sovjet Uny. Se wiene fier fan it westfront stasjonearre, dêrtroch waarden mar in pear ferneatige by 'e earste Dútske loftoanfallen. Op 23 juny fierden de earste TB-3's nachtflechten út. Troch in tekoart oan gefjochtskleare fleantugen waarden se ek oerdeis ynset, mar troch it gebrek oan eskortejagers wiene de ferliezen as gefolch fan fijanlike jagers en grûnfjoer heech. Oant 1943 die de TB-3 mei oan alle grutte fjildslaggen, wêrûnder de earste Slach om Smolensk, de Slach om Moskou, de Slach om Stalingrad, it Belis fan Leningrad en de Slach om Koersk. Op 1 july 1945 hie it loftleger noch tsien TB-3's yn aktive tsjinst.
Neist de rol as bommesmiter waard de TB-3 brûkt as frachtfleantúch en foar it ferfier fan parasjutisten. Yn dy lêste rol koe er 35 soldaten meinimme. Yn de earste fiif moannen fan de oarloch ferfierde it fleantúch 2.797 ton fracht en 2.300 personielsleden.
De TB-3 waard ek brûkt yn ferskate spesjale projekten as in gefjochtsmemmeskip yn it Zveno projekt en foar it ôfleverjen fan lichte T-27, T-37 en T-38 tanks. Op 1 augustus 1941 ferneatige in pear TB-3's yn Zveno-SPB konfiguraasje, elk mei twa Polikarpov I-16 jagers dy 't in pear bommen fan 250 kg droegen, sûnder ferliezen in oaljeopslachplak yn de haven fan Constan yn Roemenië. Op 11 en 13 augustus 1941 skansearre Zveno-SPB mei sukses de Kening Carol I brêge oer de Donau yn Roemenië. Zveno-operaasjes einigen yn de hjerst fan 1942. [1]
As erkenning foar de rol dy 't de TB-3 spile yn de oarloch, waarden trije fleantugen opnommen yn de earste nei-oarlochske loftparade op 18 juny 1945. Nei de oarloch bleaune noch tastellen yn gebrûk by Aeroflot as frachtfleantúch nei ôfhandige plakken yn it lân.
Technyske gegevens
bewurkje seksjeParameter | ANT-6 (Prototype 1930) |
TB-3-4M-17F (searje 1933) |
TB-3-4AM-34RN (searje 1935) |
ANT-6 Awiaarktika |
---|---|---|---|---|
Bemanning | - | 8 | 6 | 5–6* |
Spanwiidte | 40,50 m | 39,50 m | 41,85 m | |
Lingte | 24,20 m | 24,40 m | 25,18 m | |
Hichte | k. A. | 8,45 m | k. A. | |
Fleugeloerflak | 231 m² | 230 m² | 234,5 m² | |
Fleugellingte | 7,1 | 6,8 | 7,5 | |
Gewicht leech | 9.375 kg | 10.976 kg | 12.585 kg | 12.500 kg |
Lading | 6.307 kg | 6.233 kg | 6.115 kg | 11.550 kg |
Startgewicht | 15.682 kg | 17.200 kg | 18.877 kg | 24.050 kg* |
Oandriuwing | fjouwer wetterkuolle 12-silinder-V-motors Curtiss V-1550 | fjouwer wetterkuolle 12-silinder-V-motors M-17F | fjouwer wetterkuolle 12-silinder-V-motors AM-34RN | fjouwer wetterkuolle 12-silinder-V-motors AM-34R |
Fermogen by de start | 457 kW (621 hk) | 526 kW (715 hk) | 713 kW (969 PS) | 610 kW (829 hk) |
Topfaasje | 226 km/o ticht by de grûn | 179 km/o ticht by de grûn 177 km/o op 3.000 m |
245 km/o ticht by de grûn 288 km/o op 4.000 m hichte |
240 km/o ticht by de grûn 275 km/o op 3.000 m hichte |
Klimfaasje | 5,1 min nei 1.000 m 19,9 min nei 3.000 m |
9,2 min nei 1.000 m 43,4 min nei 3.000 m |
4,4 min nei 1.000 m 13,2 min nei 3.000 m |
- |
Tsjinstplafond | 5.100 m | 3.800 m | 7.740 m | - |
Fleanberik | - | 1.350 km | 960 km | 2.500 km |
Bewapening | – | twa DA-masinegewearen drei DA-2-mg's |
njoggen SchKAS-masinegewearen | – |
Bomlading | – | 2.000–5.000 kg | – |
* Op de flecht nei de Poal op 21 maaie 1937 hie it liedende fleantúch N-170 in startgewicht fan 24.500 kg en totaal 14 minsken oan board. [2]
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tûpolev TB-3 fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|