North American T-6 Texan
North American T-6 Texan/Harvard | |
---|---|
Rol | Lesfleanmasine |
Makker | North American Aviation |
Untwerper | |
Earste flecht | 1 april 1935 |
Yn tsjinst | 1939 |
Ut tsjinst | 1985 (Brazyjaanske Loftmacht) |
Tal makke | 15.495 (1939-1944) |
Grutste brûkers | United States Army Air Forces, United States Navy, Royal Air Force, Súd-Afrikaanske Loftmacht |
Fariant | North American A-27 |
De North American T-6 Texan, bûten de Feriene Steaten bekend as de Harvard, is in lesfleanmasine makke troch it Amerikaansk bedriuw North American Aviation.
De Harvard waard ûntwurpen yn de jierren 30 fan de 20e iuw en waard brûkt yn de Twadde Wrâldoarloch en oant yn de jierren 70. De Texan wie it earste trainingsfleantúch dat hielendal fan metaal makke wie en hie boppedat in lâningsgestel dat inlutsen wurde koe. De measte trainingsfleantugen wiene doetiids noch twadekkers, bygelyks de Tiger Moth, de Stearman Kaydet en de Belgyske Stampe en Vertongen SV 4.
Foar Nederlân hat de Harvard tsjinne by de Keninklike Loftmacht, Marine Loftfeartstsjinst en de Militêre Loftfeart fan it Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger (nei WKII). Teminsten 58 lannen hat de Harvard by tsjinne.
Film
bewurkje seksje- Yn de film Tora! Tora! Tora! binne de Harvards sabeare Japanske Zero's.
Technyske feiten
bewurkje seksje- Langte: 8,80 m
- Spanwiidte: 12,8 m
- Startmassa: 2540 kilo
- Motor: Pratt & Whitney R-1340 stjermotor fan 600 hk
- Topfaasje: 340 km/o
- Klimfermogen: 6,1 m/s
- Fleanberik: 1.175 km
- Plafond: 7.400 m
- Bewapening: normaal gjin. Foarsjennings foar 3× 0.30 inch (7.62 mm) masinegewearen
-
Filmke fan in fleanende T-6
-
Canadian Car & Foundry Harvard Mk. IV
-
North American AT-6D
-
Twa T-6 by in fleanshow yn Würselen
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory North American T-6 Texan fan Wikimedia Commons. |