De Havilland Tiger Moth
(Trochferwiisd fan Tiger Moth)
De Havilland Tiger Moth | |
---|---|
Rol | lesfleanmasine, sportfleantúch |
Makker | de Havilland Aircraft Company (yn Ingelân en Kanada) |
Untwerper | Geoffrey de Havilland |
Earste flecht | 26 oktober 1931 |
Yn tsjinst | 1932 |
Status | Sa'n 250 fleane noch |
Tal makke | 8.868 (1931–1944) |
Grutste brûkers | Royal Air Force, Royal Canadian Air Force, Royal Australian Air Force, Royal New Zealand Air Force (en yn 32 oare lannen) |
Fariant | Thruxton Jackaroo |
De De Havilland Tiger Moth is in twadekker yn de jierren 30 ûntwurpen troch de Havilland. It tastel is brûkt troch û.o. de RAF as lesfleanmasine. It waard brûkt troch de RAF oant 1950; in protte binne dêrnei oergien nei boargers. It tastel wurdt oeral yn de wrâld noch hieltyd brûkt. Withoefolle piloaten hawwe it fleanen leard op de Tiger Moth. It tastel stelt net in protte easken oan de fleander; it is in forgiving airplane.
Technyske feiten
bewurkje seksjeAlgemiene eigenskippen
bewurkje seksje- Bemanning: 2 (learling en learaar)
- Lingte: 7,34 m
- Spanwiidte: 8,94 m
- Hichte: 2,68 m
- Fleugeloerflak: 22,2 m²
- Leechgewicht: 506 kg
- Startgewicht: 828 kg
- Motor: 1 × de Havilland Gipsy Major I 4-silinder 130 HK (100 kW)
Prestaasjes
bewurkje seksje- Heechste faasje: 175 km/o op 300 m
- Fleanberik: 486 km
- Tsjinstfleanhichte: 4,145 m
- Klimfaasje: 205 m/min
- Fleugelbelesting: 37,3 kg/m²
Keppelings om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory de Havilland Tiger Moth fan Wikimedia Commons. |