Taalsintrum Frysk
Taalsintrum Frysk (TF) is sûnt 2009 in ôfdieling fan skoalbegeliedingstsjinst Cedin, in bedriuw foar edukative tsjinstferliening yn Noard-Nederlân. It Taalsintrum wol learkrêften of teams fan skoallen foar primêr en fuortset ûnderwiis begeliede by it ûntwikkeljen, ymplemintearjenen en útfieren fan meartalich taalbelied mei in lykweardige posysje fan de Fryske taal.
It Taalsintrum makke sawol foar it primêr as it fuortset ûnderwiis in metoadyske learline om it fak Frysk op in moderne wize ynhâld jaan te kinnen.
Dêrneist produsearret it buro in breed skala oan materialen foar ferskillende fakfoarmings-gebieten om it Frysk as fiertaal brûke te kinnen. Sa binne der pakketten beskikber dy’t gearstald binne yn oparbeidzjen mei de ôfdieling Skoalradio en –telefyzje fan Omrop Fryslân. De line wrâldoriïntaasje is dêr in foarbyld fan. Meiwurkers binne ûnder oare Jelle Bangma en Douwe Kootstra.
Under lieding fan TF fynt sa goed mooglik oerlis en ôfstimming plak yn it oanbod fan ynstituten en organisaasjes foar it ûnderwiis op it mêd fan de Fryske taal.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |