Tabaksfabryk Fokke van der Meulen
It Tabaksfabryk Fokke van der Meulen is in âld fabryk anneks pakhûs oan de Kaden yn Drachten. It gebou stiet op de list fan ryksmonuminten yn Drachten. De driigjende sloop fan it gebou wie direkte oanlieding foar de oprjochting fan de kultuerhistoaryske stichting 'Smelne's Erfskip'.
Tabaksfabryk Fokke van der Meulen | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
Gemeente | Smellingerlân | |
plak | Drachten | |
adres | by Zuidkade 24, | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Fabryk en pakhûs | |
boujier | 1902 | |
boustyl | oergongsarsjitektuer | |
monumintale status | Ryksmonumint sûnt 1996 | |
monumintnûmer | 499246 |
Skiednis
bewurkje seksjeIt fabryk anneks pakhûs is om 1902 hinne boud yn opdracht fan de firma Fokke van der Meulen. Yn it fabryk waard de ferneamde healswiere prûmtabak 'Drachtster Kei' makke.
Yn Drachten wiene eartiids tsientallen bedriuwkes dêr't pipe- en prûmtabak fabrisearre waard, wylst der dêrneist in soad sigaren makke waarden. Soms yn ienmanssaakjes, mar der wie ek fabryksmjittige produksje. De measte bedriuwichheid wie op 'e Kaden. Op de Noardkade stie it tabaks- en sigarefabryk 'De rookende Moor' fan S.S. Osinga. Op de Súdkade wie it fabryk 'De gouden Arend' fan P. en K.P. Duursma fêstige, stichte yn 1855. By de slûs wie it bedriuwke fan B. Osinga dat letter opgien is yn de firma S.S. Osinga. It fabryk 'De Bijekoer' fan Jan Bieuwes van der Meulen levere sawol tabak as sigaren. It bedriuw fan Fokke Bieuwes van der Meulen is bysûnder om 't it sa lang bestien hat.
It fabryk waard yn oktober 1989 sletten om't der in soad fandalisme wie en der faak ynbrutsen waard. Nei in striid dy't mear as tsien jier duorre, waard it tabaksfabryk dochs fan 'e sloop rêden.
Der waarden meardere plannen makke foar it gebou. Uteinlik waard it foarste part ûnder kantoar en dêrboppe kamen apparteminten. Efter it eardere fabryk waard in rige wenten set.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tabaksfabriek Fokke van der Meulen, Drachten fan Wikimedia Commons. |