De Taconistún wie in beamkwekerij dy't tusken 1749 en 1927 oan de westkant fan De Jouwer lei.

Wybren Krijns (1750 - 1824)
Wybren Krijns intet in beam

Crijn Wybrens (1722-1789) troude yn 1749 mei Tryntsje Goasses. Yn 1749 stifte Crijn op De Jouwer de hôving 'Blaauwhof'. Dy kwekerij lei oan de Hurddraversdyk, in destiids mei beammen omseame sânpaad sûnder bebouwing. Gernier Crijn plante syn earste beamkes nei alle gedachten op in stik grûn op it Alde Hof, tichtby Heremastate. Syn soan Wybren Krijns (1750-1824), wreide de kwekerij út. Hy wie betûft yn it intsjen fan beammen, hy stiet dan ek intsjend ôfbylde op in skilderij. Wybren Krijns wenne oan de Midstrjitte tichtby de Heremastate. Doe’t hy in kompanjonskip oangie mei syn sweager Sipke Thijsses Taconis (1755-1825), waard de namme fan it bedriuw feroare yn 'Wijbren Krijns en Co.' Yn 1875 waard dat de firma 'Wijbren Krijns & Co. hofleveransier'. It bedriuw hie ek grûn oan de Slûsdyk. Neist sels intsjen, waard der ek hannele en trochferkocht. Wybren stoar op 23 july 1824 sûnder bern, mar de soannen en pakesizzers fan de famylje Taconis binne noch hast in iuw trochgien mei de kwekerij.

Krijn syn neisieten bouden it bedriuw ûnder de namme Taconis út fan 20 moargen nei hast njoggentich moargen yn 1823. De sângrûn wie gaadlik foar de measte beammesoarten. Benammen jonge fruitbeammen sloegen better oan op sângrûn as op klaai. Neist gewoane fruchtbeammen as appel, parren, prommen, kersen , pjisken, abrikoazen en druven wiene der ek beammen foar plantsoenen lykas als kastanjes, ipen, linebeammen, popelieren en foar de oanlis fan bosken ek beammessoarten as els, bjirk, eskdoarn en iik. Fierders lei it bedriuw him ta op in kweken fan konifearen en oare planten. Der waarden benammen in soad ierdbeien kweekt tusken de fruchtbeammen. Simmerdeis waarden in soad Jouster ierdbeien, snijbeannen en griene beantsjes ferstjoerd. Net allinnich nei Fryske ôfnimmers mar ek nei Hollân, Gelderlân en Grinslân oant it Dútske Hamburg. De Jouwer lei geunstich foar in kwekerij trochdat de trekfearten goede ferbinings jûgen.

De kwekerij wie fan grut belang foar de ekonomyske ûntjouwing fan De Jouwer. Op de drokste tiden fan it jier wurken der 150 arbeiders. Dûmny Jacobus Craandijk skreau yn 1882 oer de kwekerij: "Aan het einde van het vlek ligt de zeer uitgestrekte boomkweekerij van Wijbren Krijns & Co., waar in den winter ieder werk en brood kan vinden, en die ook in den zomer tal van handen bezig houdt." Wybren betocht ek reau om woartels te siedzjen. Fan de kwekerij binne net folle gegevens bewarre bleaun. Wol binne der deiboeken fan Wybren bewarre bleaun út de jierren 1814 oant 1863 en in 'register' mei fruchtbeammen fan Crijn Wybrens. Yn 2013 ferskynde in boek fan Aly van der Mark oer de túnûntwerper Gerrit Vlaskamp dêr’t ek de kwekerij Kryns yn neamd wurdt.[1]Kryns wie mei beamkwekerij Bosgra fan Burgum de foarnaamste leveransier fan planten by de grutte tunen yn Noard-Nederlân dy’t troch Vlaskamp en Roodbaard ûntwurpen waarden yn de njoggentjinde iuw.[2] Yn 1875 waard de firma Wijbren Krijns & Co. hofleveransier. De leanebeammen by paleis 't Loo waarden hjir kweekt.

Neist grienten en fruchten waard ek sûkerei ferboud, dat yn in eigen Sûkereifabryk 'Het Paard' op de hoeke by de Midstrjitte ferwurke waard. De namme fan it fabryk wie in ferwizing nei it hynder dat yn de rosmole rûn.

Yn 1927 foel it dûk foar it eartiids bloeiende bedriuw. De beamkwekerij waard ferkocht oan it Nutsdepartemint De Jouwer. Op de túngrûn waard in draafbaan oanlein dy’t winterdeis brûkt waard as iisbaan. Letter waard dit terrein bekend as de Nutsbaan, ek thúshaven fan de Fryske Ballonfeesten. Yn de jierren fyftich fan de tweintichste iuw waard wenwyk de Blaauwhof oanlein mei in soad ferskillende strjitnammen dy’t ferwiisden nei de eardere kwekerij, lykas Blaauwhofleane, Kwekerijstrjitte en Op de Bouwen.

 
Buitenzorg

Sipkes Taconis wenne yn it hûs njonken it sûkereifabryk, syn beide bruorren wennen dêr net sa fier ôf. De famylje Taconis waard tige begoedige en hearde ta it Fryske patrisiaat. De lêste eigener fan de kwekerij liet yn 1910 de filla 'Buitenzorg' sette. It hûs oan de Hurddraversdyk 29 stiet op grûn dat eartiids by de kwekerij hearde. It waard in ryksmonumint, net allinnich om de arsjitektuer mar ek troch de kultuerhistoaryske betsjutting en de lokaasje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. M.R. van der Spoel-Wavius, 'Order Roodbaard. Bestellingen door L.P. Roodbaard bij de firma Wijbren Krijns & Co.', Cascade. Bulletin voor tuinhistorie 21 (2012), nr. 1, s. 38-49
  2. Argiven (ûnder nûmer 6363)