Tall Ships' Races 2014

De Tall Ships' Races 2014 wie in ynternasjonaal sylsportbarren yn it ramt fan 'e jierlikse Tall Ships' Races, dat holden waard yn 'e moannen july en augustus 2014.[1] Dêrby waard op 'e Noardsee wedstrydsyld mei saneamde tallships (grutte sylskippen).[1] It waard organisearre troch Sail Training International (STI), in organisaasje dy't besiket om ynternasjonale freonskip oan te fiterjen en om jongerein ûnder de 25 jier yn 'e kunde komme te litten mei de see en mei it silen.[1] De start fan it evenemint wie yn 'e Fryske stêd Harns, dêr't it publyk him yn 'e dagen foarôfgeande oan 'e wedstryd fergapje koe oan 'e skippen dy't ôfmarre leine yn 'e haven fan Harns. De festiviteiten yn Harns waarden organisearre troch de Stifting Sail Harns.[2]

Tall Ships' Races 2014
plak en tiid
lân Nederlân
Noarwegen
Denemark
provinsje Fryslân (start)
gemeente Harns (start)
plak Harns (start)
datum july / augustus 2014
evenemint Tall Ships' Races
edysje 57
bysûnderheden
soarte evenemint sportevenemint (silen)
org. troch Sail Training International
Stifting Sail Harns

Op it evenemint yn Harns kamen 225.000 minsken ôf.[3] Harns fêstige in rekôr yn 'e skiednis fan 'e Tall Ships' Races troch it heechste oantal trainees (jongeren dy't meifearen om it silen te learen) ea oan te lûken: 337.[1] De wedstryd gie neitiid fan Harns oer de Noardsee nei de haven fan Fredrikstad yn Noarwegen. Dêrwei folge in saneamde 'freonskipsfeart', wêrby't de skippen yn floatferbân mei-inoar opfearen nei Bergen, ek yn Noarwegen. Ut Bergen wei folge in twadde wedstrydtrajekt nei it Deenske Esbjerg, dêr't de finish lei.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 Ynformaasje fan 'e webside fan 'e Tall Ships' Races 2018.
  2. Ynformaasje oer de organisaasje op 'e webside fan 'e Tall Ships' Races 2018.
  3. Altena, Stef, Races en Harlingen blijven verliefd, yn: de Ljouwerter Krante, 7 augustus 2018, s. 3.