It Talysjberchtme (Perzysk: کوههای تالش, Kuha: e Ta:lesh, Azerbeidzjaansk: Talış dağları) is in berchkeatling fan 100 km yn it noardwesten fan Iran en yn it súdeasten fan Azerbeidzjan dy't by it noardwestlike part fan de Elbroeskeatling beheart en fan de flakte fan Lənkəran yn it súdeasten fan Azerbeidzjan oant de ûnderrin fan de rivier Sefid Rud yn it noardwesten fan Iran rint. De keatling hat deselde namme as it folk Talysj dat dêr wennet.

Satelytbyld fan it Talysjberchtme
Yn it Talysjberchtme

De heechste top is de Kyomurkyoj mei 2.477 meter. De EAstlike flanken hawwe oant 600 meter in wiet subtropysk klimaat, fan 600 meter ôf in myld seeklimaat en op de berchtoppen in wiet kontinintaal klimaat, mei 1600 oant 1800 mm it jier delslach. Dat de berchkeating is de wietste streek fan Azerbeidzjan en Iran. Oant 600 m groeit Kaspysk Hyrsania mingd bosk, dêrboppe berchfegetaasje.