Tamarah Benima
Tamarah Maionah Benima (Amsterdam, 1950) is in Nederlandsk liberaal earder rabbyn foar de Progressyf Joadske Gemeente Noard-Nederlân (PJGNN) en rabbyn fan de Amsterdamske gemeente Beit Ha' Chidush (BHC), sjoernaliste en kollumniste.[1]
Tamarah Benima | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1950 | |
berteplak | Amsterdam | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Rabbyn |
Biografy
bewurkje seksjeDe pake fan Benima, Salomon Benima, wie keapman yn Wynskoat en waard ryk troch hannel yn klean yn Nederlânsk-Ynje. Hy kocht yn 1926 in pân yn Berlyn op de Kurfürstendamm. Yn 1936 rekke er lykwols alles kwyt en yn 1943 waard er fermoarde yn it ferneatigingskamp Sobibór. Har beppe Sara Duifje de Vries wie protestantsk-kristelik en waard yn 1920 joadsk.
Benima wurke tusken 1973 en 1979 as fysioterapeut yn Nederlân en Berlyn. Yn 1980 waard se ferslachjouwer foar it Nieuw Israelietisch Weekblad (NIW). Tusken 1992 en 1999 wie se haadredakteur fan dat blêd. Njonken har sjoernalistike wurk skriuwt se kollumns foar ferskate deiblêden (ûnder oaren it Frysk Deiblêd oant yn novimber 2020), jout se lêzingen en fertaalt se Joadske boeken.
Nei it ôfrûnjen fan in rabbinale stúdzje oan it liberaal-joadske Levisson Ynstitút op 27 augustus 2008 skatte Tamarah Benima de kâns net heech yn dat se as rabbyn wurkje kinne soe foar de liberaal-joadske mienskip yn Nederlân (LJG) fanwegen de frijwat nuodlike finansjele tastân fan de liberaal-joadske gemeenten.[1] Op 1 juny 2015 waard hja lykwols dochs oansteld as rabbyn fan de gemeente Beit Ha'Chidush yn Amsterdam.[2] Datselde jier ferskynde har Joodser dan dit krijgt u het niet. De levenskunst van de joodse beschaving, útjûn troch útjouwerij Prometheus. Yn Trouw ferskynde in fraachpetear fan Stevo Akkerman mei rabbyn Benima nei oanlieding fan it útkommen fan dat boek[3].
By de útjouwerij foar harkkolleezjes Home Academy ferskynde fan har in harkkolleezje yn tsien dielen "De Joodse Beschaving"[4].
Yn novimber 2021 stapte Benima as rabbyn op by de PJGNN. Benimas posysje kaam ein oktober yn besprek nei de opskuor dy't folge op har Rede fan Fryslân. Yn dy taspraak yn de Steateseal ferlike se de wize wêrop't it demisjonêre kabinet Rutte net-faksinearren tsjin it koroanafirus apart sette soe mei de wize wêrop't Joaden yn Nazy-Dútslân as 'gefaar foar de folkssûnens' beskôge en apart set waarden.[5]