Tanahat
Tanahat (Armeensk: Թանահատ) of Tanahativank (Թանահատի Վանք) is in midsiuwsk kleaster yn 'e Armeenske provinsje Vajots Dzor. Fan it kleaster bleaune njonken ruïnes de krúskoepeltsjerke Soerb Stepanos en de lytsere oanboude tsjerke Soerb Nsjan út de 13e iuw bewarre. Guon gelearden leauwe dat Tanahat it plak west hat, dêr't yn 1282 de ferneamde Universiteit fan Gladzor stifte waard, dêr't tal fan Armeenske gelearden en keunstners harren foarming krigen.
Tanahat Օձունի վանք | ||
Lokaasje | ||
lân | Armeenje | |
provinsje | Vajots Dzor | |
plak | 7 kilometer súdeast fan Vernasjen (Վերնաշեն) | |
koördinaten | 39°46'N 45°23'E | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | 13e iuw | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe oarsprong fan Tanahat is net bekend, mar it kleaster soe neffens de 13e-iuwske Armeenske histoarikus Stephanos Orbeljan werom gean oant it jier 735. Yn 'e 13e iuw waard it kleaster hielendal op 'e nij boud.
Yn 1970 waarden by opgravings súd fan 'e noch oerbleaune bouwurken ferskate resten fan gebouwen ûntdutsen. De lokaasje waard yn 1980 restaurearre.
Mooglik wie it kleaster de lokaasje fan 'e stifting fan 'e midsiuwske Universiteit fan Gladzor. Dy ynstelling ferdwûn tsjin it lêst fan 'e Mongoalske ynfallen, mar it 700-jierrich jubileum waard yn 1984 op it plak betocht. Sân kilometer fan Tanahat is in museum, dy't oan 'e universiteit wijd is. De krekte lokaasje fan 'e universiteit bliuwt lykwols in saak fan striideraasjes.
Tsjerken
bewurkje seksjeIt kleaster bestiet foar it measte út de haadtsjerke Soerb Stephanos (Sint-Stefanustsjerke) en de kapel Soerb Nsjan (Tsjerke fan it Teken), beide boud fan basaltstien. De haadtsjerke waard yn 'e jierren 1273-1279 boud.
It ynterieur hat útsein de omlisting fan finsters en doarren net in soad dekoraasjes, mar de bûtenkant fan 'e tsjerke kent ryk byldhouwurk. Op 'e súdlike gevel binne gevelstiennen fan in hauk dy't in do grypt en in sinnewizer mei twa dowen dy't út in tsjelk drinke te sjen. Op 'e tamboer set in liuw syn tosken yn in okse en hâldt in earn in raam yn syn klauwen (wapens fan foaroansteande Armeenske famyljes). Under de dakrâne fan 'e spits binne mear foarstellings fan bisten, lykas fûgels en in oksekop.
Noardlik fan 'e Soerb Stephanos stiet de 13e-iuwske ienskippige Soerb Nsjan. De westlike tagong is boppe mei in tige ekspressyf basreliëf fersierd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|