Taragot
In taragot of tárogató is in houten inkeldreid blaasynstrumint dat by it earste oansjen it uterlik fan in klarinet hat (en ornaris fan hout is), mar kwa klank folle mear fan de sopraansaksofoan wei hat.
Lykas de saksofoan hat de taragot in koanyske boarring, de klarinet dêrfoaroer hat in silindryske boarring. Dat hat as gefolch dat de taragot en de saksofoan oerblaze nei it oktaaf, wylst de klarinet oerblaast nei it duodecime (oktaaf + kwint).
De taragot wurdt benammen yn Roemeenske en Hongaarske folksmuzyk brûkt. De namme fan it ynstrumint komt oarspronklik út it Hongaarsk (tárogató). Taragot is de Roemeenske fariant.