In sopraansaksofoan of sopraansaks is ien fan de lytste (en heechste) leden fan de saksofoanfamylje. De soprillo en de sopraninosaksofoan binne lytser wylst de altsaksofoan ien slach grutter is. In sopraansaks is ornaris rjocht, yn tsjinstelling ta de alt en noch legere leden fan de famylje. Mar de sopraansaks komt ek yn in bûgde foarm foar (foarm fan in altsaks). Dy foarm is net iens sa seldsum, ferskate merken meitsje dy foarm mar der is wol in oare seldsumer foarm: nammtenlik de sakssello (in bûgde hals mei nei foaren steande beker).

Sopraansaksofoan

De sopraansaks stiet meast stimd yn bes en blaast lykas alle saksofoanen oer in oktaaf sadat it spyljen fan in toanljedder te ferlykjen is mei dy op in blokfluit.

Wat de mensuer oangiet is de sopraansaksofoan te ferlykjen mei in klarinet. Beide binne reidynstruminten. It grutte ferskil yn klankkleur wurdt makke troch de ferskillende boarring, in sopraansaksofoan hat in koanyske boarring wylst in klarinet in silindryske boarring hat. In klarinet blaast oer yn it duodeciem.

In oar ferskil mei de klarinet is dat men by de klarinet sels de toangatten mei de fingers ticht hâlde moat, wylst men op in sopraansaks de dêrfoar konstruearre kleppen betsjinnet; de toangatten by in saksofoan binne - benammen tichter by de beker - folle grutter as by in klarinet.

In oan de soproaansaks besibbe ynstrumint is de (houten) taragot.

Inkelde bekende en ynfloedrike sopraansaksofoanisten binne Sidney Bechet en Steve Lacy.