Tarik ibn Ziyad
Tarik ibn Ziyad (Arabysk:طارق بن زياد; sekuerdere transliteraasje: Ṭāriq ibn Ziyād; 670-720) wie de Moarske legerlieder dy't mei goed 7000 man yn 711 de letter nei him ferneamde Strjitte fan Gibraltar oerstuts om it Ibearysk Skiereilân te oermasteren, dêr't de Fisigoaten nei de tebekgong fan it Romeinske Ryk it al inkelde iuwen foar it sizzen hienen.
Skiednis
bewurkje seksjeTarik ibn Zijad wie in Berber fan komôf. Syn famylje wie nei de islamityske oermastering fan Noard-Afrika oergongen op it islamityske leauwen. Hy waard militêr lieder foar de Omajjaden en sette him yn foar de fierdere útwreiding fan harren macht yn Spanje.
Al earder hiene Arabyske feloeken ferkenningstochten makke foar de Spaanske kust en útfallen dien nei de stêden Alikante, Falensia en Barselona. Yn de maaitiid fan 711 stuts Tarik mei syn leger (benammen besteande út Berbers) de Strjitte fan Gibraltar oer, út Ceuta wei nei Gibraltar (Jabal at-Tariq, "berch fan Tarik ") op it Ibearyske skiereilân.
Neidat de troepen op de Spaanske kust lâne wienen, lit Tarik (neffens westerske skiedskriuwers) al syn skippen efter him ferbarne, om syn soldaten goed dúdlik te meitsjen dat der gjin wei werom wie. Yn syn ferneamd wurden taspraak foar de Slach by Guadalete motivearre Tarik syn manlju net allinnich mei it útwreidzjen fan it ienige leauwen, de islam, mar stelde harren ek moaie froulju en rike bût yn it foarútsjoch.
De Moaren wienen licht bewapene, wylst de Fisigoaten swiere pantsers droegen. Dy gruttere beweechlikheid fan de Moaren soe fan beskiedend blike te wêzen yn de gefjochten. By Guadalete yn 711 waard de Fisigoatyske kening Roderik ferslein en deade en binnen trije jierren wie it grutste part fan it Iberyske Skiereilân yn Islamityske hannen. Tarik waard nei syn oerwinning troch de Omajjaden weromroppen nei Afrika en krige de funksje as gûverneur fan Damaskus.