Tarja Turunen
Tarja Soile Susanna Turunen Cabuli (Kitee, 17 augustus 1977) is in Finsk sjongeres. Sy is benammen bekend as de eardere sjongeres fan Nightwish.
Tarja Turunen | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Tarja Turunen (2022) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Tarja Soile Susanna Turunen Cabuli | |
nasjonaliteit | Finsk | |
berne | 17 augustus 1977 | |
berteplak | Kitee | |
wurkpaad | ||
sjenre | Metal, Klasyk | |
sjongtaal | Ingelsk, Finsk | |
ynstrumint | Piano | |
grutste hit(s) | Bless The Child, Nemo, Ghost Love Score, O Tannenbaum | |
jierren aktyf | 1996 - no |
Karriêre
bewurkje seksjeTurunen begûn as jong famke mei sjongen by in tsjerkekoar en op har sechsde mei pianospyljen. Nei it beheljen fan har diploma oan in muzyk-relatearre middelbere skoalle yn Savonlinna, begûn se yn 'e âldens fan 18 jier oan in stúdzje klassike sang oan de Sibelius-Akademy yn Kuopio en letter oan de Hochschule für Musik Karlsruhe yn Dútslân. Yn 1996 waard Tarja troch Tuomas Holopainen frege om sjongeres te wurden fan syn band yn oprjochting Nightwish. Mei Nightwish brocht Turunen fiif studio-albums út, foar't se yn 2005 nei in optreden yn de Hartwall Arena yn Helsinki, mei in iepen brief ûntslein waard.[1] De minder wurden relaasje tusken de manlike bandleden en Turunen har Argentynske man en manager Marcelo Cabuli, soe hjir de oarsaak fan wêze. Nei har ûntslach by Nightwish rjochte Tarja har op in solokarriêre.
Priveelibben
bewurkje seksjeTarja Turunen waard berne yn Kitee, Noard-Karelje, Finlân, as twadde yn in gesin fan trije, har heit wie timmerman en har mem wurke by it stedsbestjoer. Yn 2002 boaske Turunen mei de Argentynske sakeman Marcelo Cabuli, en hat ien dochter.
Diskografy
bewurkje seksjeAlbums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op | Label | Single(s) |
---|---|---|---|
Angels Fall First | 1 novimber 1997 | Nightwish | The Carpenter |
Oceanborn | 7 desimber 1998 | Sacrament of Wilderness, Walking in the Air, Sleeping Sun | |
Wishmaster | 19 maaie 2000 | The Kinslayer, Deep Silent Complete | |
Century Child | 24 maaie 2002 | Ever Dream, Bless the Child | |
Once | 7 juny 2004 | Nemo, Wish I Had an Angel, Kuolema Tekee Taiteilijan, The Siren | |
Henkäys ikuisuudesta | 8 novimber 2006 | Tarja | You Would Have Loved This |
My Winter Storm | 19 novimber 2007 | I Walk Alone, Die Alive, Enough | |
What Lies Beneath | 31 augustus 2010 | Falling Awake, I Feel Immortal, Until My Last Breath, Underneath | |
Colours in the Dark | 30 augustus 2013 | Victim of Ritual, 500 Letters | |
Ave Maria - en Plein Air | 11 septimber 2015 | ||
The Brightest Void | 3 juny 2016 | An Empty Dream | |
The Shadow Self | 5 augustus 2016 | Innocence, No Bitter End, Demons in You | |
From Spirits and Ghosts (Score for a Dark Christmas) |
17 novimber 2017 | O Come, O Come, Emmanuel (kristlike hymne fan John Mason Neale), O Tannenbaum (Dútsk krystferske), Feliz Navidad (José Feliciano cover) | |
In the Raw | 30 augustus 2019 | Railroads, Tears in Rain , You and I |
As gastmuzikant
bewurkje seksjeSingle(s) | Album | Utbrocht yn | Mei band |
---|---|---|---|
Until Dawn (Angels of Light), Wizard, Sadness in the Night, The Laws of the Future, Promises Under the Rain |
Beto Vazquez Infinity | 2001 | Beto Vazquez Infinity |
Walking with the Angels | Fear No Evil | 2009 | Doro |
The Good Die Young | Sting in the Tail | 2010 | Scorpions |
Paradise (What About Us?) | Hydra | 2014 | Within Temptation |
Castillos de papel | Aún sigo latiendo | 2015 | Lörihen |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |