Tarsus (stêd)
Tarsus (Gryksk Tarsos) is in stêd yn it suden fan Turkije. De stêd leit yn de provinsje Mersin op 20 km fan de kust fan de Middellânske See.
Tarsus | ||
Tarsus yn de provinsje Mersin | ||
Bestjoer | ||
Lân | Turkije | |
Regio | Çukurova | |
Provinsje | Mersin | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 238.276 (2010) | |
Oerflak | km² | |
Befolkingsticht. | 155 / km² | |
Hichte | 0 m | |
Oar | ||
Tiidsône | (UTC+2) | |
Simmertiid | (UTC)+3 | |
Offisjele webside | ||
www.tarsus.gov.tr |
Tarsus hat in skiednis fan mear as 2000 jier. Yn it ferline wie it de haadstêd fan de Romeinske provinsje Silysje. Markus Antonius moete dêr foar it earst Kleopatra. De apostel Paulus waard berne yn Tarsus. De profeet Danjel soe dêr begroeven wêze.
Tarsus hat in lange hannelsskiednis en is distiid ek noch in kommersjeel sintrum fan belang foar de ferwurking fan de produkten fan de fruchtbere heechflakte fan Çukurova. De yndustry fan Tarsus makket lânboumasines, reserve-ûnderdielen, tekstyl, bakstien en keramyk.
-
Paulustsjerke yn Tarsus
-
Moskee yn Tarsus
Ferneamde ynwenners
bewurkje seksje- Antipater, Stoïsynsk filosoof
- Caliph Al-Ma'mun stoar ûnder Tarsus
- Chrysippus, Stoïsynsk filosoof
- Kleopatra
- Zeno fan Tarsus, filosoof
- Lokman the Physician
- Markus Antonius
- Sint Nerses fan Lambron, aartsbiskop fan Tarsus yn it Armeensk keninkryk Silysje
- Paulus (Saulus fan Tarsus), kristlik apostel, hillige, waard dêr berne
- Sint Teodorus fan Tarsus, Aartsbiskop fan Canterbury.