Tebaanske Trilogy
De Tebaanske Trilogy is in oantsjutting foar trije fan 'e sân oerlevere toanielstikken fan 'e Grykske skriuwer en dichter Sofoklês. It giet dêrby om Kening Oidipoes, Oidipoes yn Kolonos en Antígoné. Dizze trije stikken behannelje allegear it lot fan 'e Grykske stêdsteat Tebe ûnder en nei it regear fan kening Oidipoes. Se foarmje net sasear in trochrinnend ferhaal, as wol momintopnames út in trochrinnend ferhaal, en binne gauris yn ien bân útjûn. Sofoklês skreau de trije stikken lykwols foar ûnderskate jiergongen fan 'e toanielwedstryd op it Feest fan Dionysus. Se foarmje sadwaande gjin bedoelde trilogy, en boppedat besteane der guon ûnderlinge tsjinstridichheden tusken de stikken. Mar likegoed wurde se faak yn ien sike wei neamd. Alletrije stikken fan 'e Tebaanske Trilogy binne troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't ek ferantwurdlik foar û.m. de Fryske fertalings fan 'e Ilias en de Odyssee, oerset yn it Frysk.
Ynhâld
bewurkje seksje- Kening Oidipoes
- De Wikipedy hat ek in side Kening Oidipoes.
Kening Oidipoes, dat gronologysk it earste fan 'e trije stikken is, mar dat Sofoklês as twadde skreaun hat, fertelt fan Oidipoes, in man dy't fan syn berte ôf foarbestimd is om syn heit te fermoardzjen en mei syn mem te trouwen. En wat mear oft er him tsjin dy profesije ferset, wat flugger oft dy yn ferfolling giet.
- Oidipoes yn Kolonos
- De Wikipedy hat ek in side Oidipoes yn Kolonos.
Yn Odipoes yn Kolonos arrivearret de bline en ferballe Oidipoes, laat fan syn dochter Antígoné, yn it Ateenske doarpke Kolonos, dêr't Têseus, de kening fan Atene, him asyl jout. Oidipoes kin foar syn dea syn soannen der net mear fan ôfbringe en beoarlogje inoar om 'e macht yn Tebe.
- Antígoné
- De Wikipedy hat ek in side Antígoné.
Yn Antígoné is de haadrol weilein foar Oidipoes syn dochter Antígoné, dy't foar in dilemma komt te stean: it earfolle dwaan en dan ta de dea feroardiele wurde, of har slûksturtsjend katoen hâlde en trochlibje. Hja kiest foar de earfolle wei, wat in katastrôfe opsmyt foar it keningshûs fan Tebe.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
de oerlevere toanielstikken fan Sofoklês | |
---|---|
Aias | Elektra | Filoktêtês | De Froulju fan Trakhis | de Tebaanske Trilogy (Kening Oidipoes • Oidipoes yn Kolonos • Antígoné) |