Theodore Sharp (Ted) Ligety (Salt Lake City, 31 augustus 1984) is in earder Amerikaansk skyer.

Ted Ligety
sporter
Ted Ligety (2008)
Ted Ligety (2008)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Theodore Sharp Ligety
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 31 augustus 1984
berteplak Salt Lake City
lingte 1,80 m
gewicht 86 kg
sportive ynformaasje
sport Skyen
ûnderdiel Alpineskyen
O.S. Turyn 2006,
Vancouver 2010,
Sotsji 2014,
Pyeongchang 2018
debút 2003
karriêre-ein 2021
wichtige prestaasjes
2x goud Olympyske Spullen 2006, 2014
5x goud WK 2011, 2013, 2015
2x brûns WK 2009, 2015

Ligety makke syn wrâldbeker debút yn Park City yn novimber 2003 op de slalom. Nei ferskate kearen yn de top tsien einige te wêzen, behelle er syn earste wrâldbeker poadium yn Yongpyong op de reuzeslalom yn maart 2006. Ligety die fjouwer kear mei oan de Olympyske Winterspullen (yn 2006, 2010, 2014 en 2018). Hy waard yn 2006 Olympysk kampioen op de kombinaasje en yn 2014 op de reuzeslalom. Hy waard ek fiif kear wrâldkampioen yn 2013 op de super-G, de kombinaasje en de reuzeslalom, Ek wûn er twa kear in brûnzen medalje op de wrâldkampioenskippen yn 2009 op de reuzeslalom en yn 2015 op de kombinaasje.

Ligety soe nei it wrâldkampioenskip 2021 yn Cortina d’Ampezzo ophâlde mei skyen op heech nivo, mar as gefolch fan in blessuere oan syn rêch kaam foar it kampioenskip al in ein oan syn karriêre as skyer. Ligety is yn 2020 boaske, Ligety is heit fan in twilling.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:DE
  • Wikipedy:EN