Terp Tsjitsma
De Terp Tsjitsma, tsjintwurdich ek wol bekend as de Keningsterp, is ien fan de rige terpen eastlik fan Winaam. It is in betreklik lege terp, dy't sa'n twa meter boppe de omkriten útstekt. Op de terp stjit allinne in pleats. De terp is ferneamd wurden troch opgravings dy't dêr wiene yn de njoggentiger jierren fan de 20e iuw troch meiwurkers fan de archeologyske ynstituten fan de unversiteiten út Grins en Amsterdam.
Skiednis
bewurkje seksje(175-325)
bewurkje seksje
De terp ûntstie koart foar 175 n.Kr. doe't de earste bewenners in lyts dykje bouden om harren ikkers te beskermen tsjin heech bûtenwetter. Stadichoan ûntstie de terp, opboud út plaggen en klaaisjudden. De ierste bewenners kamen mooglik fan it súdliker lizzende terperige gebiet en holden harren foaral mei lânbou dwaande. Nei 325 waard de terp ferlitten. De efterútgong yn befolking hat te krijen mei it grutte tal migraasjes yn dat tiidrek dat bekend stie as de Grutte Folkeferfarren.
(425-750)
bewurkje seksje
Om 425 hinne setten har op 'e nij minsken op de terp Tsjitsma nei wenjen. Wêr't de nije bewenners weikamen is net wis. Ierdewurk lit oerienkomsten sjen mei de bewenners út Noard-Dútslân en der binne metaalfynsten dien dy't tinken dogge oan ynfloeden út Súd-Skandinaavje.
Fryske keningen
bewurkje seksjeIt ûndersyk fan de universiteiten fan Grins en Amsterdam krige ynternasjonaal omtinken fanwege de bysûndere fynsten dy't dêr dien waarden. De útkomsten fan it ûndersyk joegen ek oanleiding om te tinken dat Winaam it haadplak west hat fan in Fryske kening.[1] De fynst fan in muntstimpel mei de ynskripsje (AUDWULF FRISIA) begjin 2006 docht ek bot tinken dat de Fryske kening Audulf dêr syn residinsje hie.
Ut eardere fynsten wie al dúdlik wurden dat der yn ferskate tiidrekken goudsmidden wurken. De sieraden fan de Fryske adel waarden mei wissichheid yn dit gebiet makke. It is net wis oft de Fryske keningen echt taholden op terp Tjitsma, it wie ommers wizânsje dat de Fryske keningen op ferskate plakken yn har lân wienen foar it bywenjen fan plechtichheden en seremoanjes.
Literatuerferwizing
bewurkje seksje- Arnold Carmiggelt, De 'Keningsterp' fan Winaam, Abcoude-2000.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|