Terschellinger Bierbrouwerij Schoemrakker
Terschellinger Bierbrouwerij Schoemrakker is in produksjebrouwerij yn West-Skylge en is op rjochte yn 2014. De brouwerij is oansletten by CRAFT.
Oan de foet fan de Brandaris leit de earste Skylger Bierbrouwerij Schoemrakker, in inisjatyf fan Jetze de Beer, Jan-Sieko Mast en Piet Huisman.
Skiednis
bewurkje seksjeNei jierren fan tarieding fan 2008 ôf binne se yn 2014 echte begûn mei brouwen. It earste bier streamde yn de krystfakânsje fan 2014 út de taap. Yntusken is it bier te krijen yn tsientallen hoarekagelegenheden op it eilân Skylge.Sûnt 2020 hat de brouwerij in webshop foar onlineferkeap.
Hjoed
bewurkje seksjeIt brouwetter dat de brouwerij brûkt komt út it wetterwingebiet yn de Skylger dunen. Dit drinkwetter wurdt op 2 plakken wûn en bestiet út in swietwetterbel fan sa 'n 100 meter dik, driuwend op it djippere sâlte grûnwetter. Reinwetter wurdt troch de dunen filtere, en it wetter yn 'e bel is sa skjin, dat der amper ekstra suvering nedich is.
De brouwerij leit oan de Zeevaartschoolstraat, mei de tagong fia ytkafee Storm oan de Torenstraat, dat ek tsjinst docht as proeflokaal.
Assortimint
bewurkje seksje- Schoemrakker Brandaan - Donkerblond
- Schoemrakker Halmblond - Blond
- Schoemrakker Tjuster - Dubbel
- Schoemrakker Bakje Doen? - Craft Series
- Schoemrakker Duinbok - Herfstbok
- Schoemrakker/King Cask - Tegearre