Teksla

(Trochferwiisd fan Texla)

Teksla wie yn de midsiuwen in goa fan West-Fryslân.

It gewest omfette de hjoeddeistige eilannen Flylân en Teksel en it grûngebiet fan de gemeente Den Helder en dielen fan de Gemeenten Zijpe en Anna Paulowna.

De noch net ûnderrûne grûn tusken de eilannen makke diel út fan it gewest. Teksla wurdt neamd yn it goedregister fan de Sint Maartenstsjerke te Utert, dat yn 948 oan keizer Otto I oanbean waard, en de list fan goed fan de abdij fan Fulda út it begjin fan de njoggende iuw, oerlevere fia de Kodeks Eberhardi fan om 1160 hinne, dêr 't in tal doarpen yn neamd wurde dy 't letter ferswolgen binne troch it Almeare. Otto I wie in pakesizzer fan Reginhilde, dy 't diel útmakke fan de Reginingen, dy 't begjin 9e iuw guod op Teksla skonken oan boppeneamde abdij fan Fulda.

It is net seker oft de hjoeddeistige polder Wieringerwaard diel útmakke fan Teksla of fan Wiron. It gebiet is troch seespegelstiging ûnderrûn foardat der goeie kaarten wienen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Blok, P.J., Byvanck, A.W. (1929): Geschiedkundige Atlas van Nederland. De Romeinsche tijd en de Frankische tijd, Martinus Nijhoff, De Haach.
  • Halbertsma, H. (2000): Frieslands oudheid, Het rijk van de Friese koningen, opkomst en ondergang, Matrijs, Utert, ISBN 9053451676