It Thalenpark is in lyts park oan de Lange West yn Drachten. It park hat in iepen struktuer mei beammen, gersfjild en in heakfoarmige fiver, mei treppen en in kaskade.

Thalenpark yn 2004 (foto René Hogendijk)
It fernijde park yn 2012
It nije park mei stepstones

It park is yn 1958 ûntwurpen troch yr. Hein Otto (1916-1994) en neamd nei Jan Lourens Thalen (1909-1960) dy’t boargemaster fan Smellingerlân wie fan 1956 oant 1960. Oant 1989 stie er in houten tuorke mei in kariljon. De klokken hawwe in plak krige yn it nije kariljon in it sintrum fan Drachten.

Begjin 21e iuw lei it der frijwat fertutearzge hinne. Der waard in aksjegroep 'Red het Thalenpark' oprjochte. Nei in soad striderij en ynsprekjûnen oer foarm en fral bestimming leit der maitiid 2010 in plan foar de fernijing fan it parkje. De haadstruktuer fan it oarspronklike plan bliuwt, mar der wurdt noch wol ien en oar oan taheakke lykas muzykpoadia. It wurk waard simmer 2010 mei úteinset en septimber 2011 koe it nije park offisjeel iepene wurde.

Juny 2014 waard it Thalenpark in potinsjeel nij ryksmonumint yn it ramt fan Beschermingsprogramma Wederopbouw 1959-1965, in list fan 90 objekten út de twadde helte fan de weropbou-perioade. Maitiid 2018 waard it park offisjeel ryksmonumint.

Keppeling om utens

bewurkje seksje