The Bounty Hunters
The Bounty Hunters is in band dy 't bestiet út sjonger Johannes Rypma op basgitaar, Hille de Jong op gitaar en Robin Lammers op drums. It rocktrio spilet benammen rock (and roll)-covers.
The Bounty Hunters | ||
band | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
sjongtaal | Frysk, Nederlânsk | |
sjenre | rock | |
bestean | 2015 – no | |
leden | ||
Johannes Rypma | ||
sjonger, gitarist | Hille de Jong | |
gitarist | Robin Lammers |
The Bounty Hunters (Frysk:Preemjejagers) waard yn 2015 foarme troch sjonger Johannes Rypma, Hille de Jong en Robin Lammers. De band trede op yn de 'Nacht fan Fryslân' en it Feanhoopfestival. De debútsingle fan The Bounty Hunters De weg terug ferskynde yn maart 2017 en waard produsearre troch Nico Outhuijse, de drummer fan De Kast. In pear moanne letter folge it nûmer Skûtsjesilen.
Omdat de band net mei in lûdsbân optrede woe, seinen se in optreden ôf op de De Fryske Jûn fan 2018 dy’t yn AFAS Live yn Amsterdam hâlden waard.[1] Foar iishokkyklup UNIS Flyers skreau The Bounty Hunters in Ingelsk rocknûmer oer de iishokkypassy fan spilers en fans. [2]
Harren nûmer Maten kaam yn 2018 nij binnen yn de Fryske Top 100.
Diskografy
bewurkje seksje- Maten (2018)
- Skûtsjesilen (2017)
- De weg terug (2017)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|