The Boxer
The Boxer is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Simon & Garfunkel yn novimber 1968 yn de Columbia Studio's B and E yn Los Angeles en útbrocht op it album Bridge over Troubled Water fan Simon & Garfunkel út 1970. The Boxer wie it sechsde nûmer op it album en waard op 21 maart 1969 útbrocht as earste single fan it album.
The Boxer | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | Baby Driver | |
artyst | Simon & Garfunkel | |
album | Bridge over Troubled Water | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Folk | |
útbrocht | 21 maart 1969 | |
opnommen | Columbia Studio's B and E, novimber 1968 | |
doer | 5:10 | |
label | Columbia | |
skriuwer | Paul Simon | |
produsint | Roy Halee, Art Garfunkel, Paul Simon | |
resultaten | ||
hitlisten | Single top 100 - 2, | |
sertifisearre | Grut-Brittanje goud |
Oer it nûmer
bewurkje seksjeThe Boxer waard skreaun troch Paul Simon. De tekst is in kleisang fan in man dy 't besiket om te gean mei de iensumens en earmoed yn New York. De earste pear kûpletten binne skreaun yn de earste persoan. Hjiryn fertelt de haadpersoan hoe't er yn syn jeugd yn grutte earmoed libbe hat, wêrby't er al betiid syn thús en famylje ferlitten hat en him faak yn de sloppewiken (...poorer quarters where the ragged people go...) rûn hong. It lêste kûplet is yn de tredde persoan en ferhellet hoe 't de haadpersoan bliuwt by syn striid om te oerlibjen. Dizze striid wurdt beskreaun oan de hân fan in metafoar út de bokswrâld: (In the clearing stands a boxer / And a fighter by his trade / And he carries the reminders / Of ev'ry glove that laid him down / And cut him till he cried out...).
Muzikanten
bewurkje seksje- Paul Simon - Sang & Gitaar
- Art Garfunkel - Sang
Gastmuzikanten
bewurkje seksje- Fred Carter Jr. - Gitaar
- Pete Drake - Dobro & Pedal steel gitaar
- Joe Osborn - Bas
- Jimmie Haskell en Ernie Freeman - snaren
- Larry Knechtel - Toetsen
- Hal Blaine - Drums