The Feelies
The Feelies is in Amerikaanske rockband oprjochte yn 1976 yn Haledon, Nij-Jersey. De band brocht yn 1980 syn debútalbum Crazy Rhythms út. Yn 1992 waard de band opheft, mar yn 2008 makke de band in trochstart. The Feelies hat seis studio-albums útbrocht.
The Feelies | ||
band | ||
The Feelies yn 2016 | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | Rock | |
bestean | 1976-1992, 2008-heden | |
label(s) | Stiff, Coyote, A&M, Bar | |
âld-leden | Vinny DeNunzio drums (1976–1978) John Papesca bas (1976–1979) Keith DeNunzio bas & perkusje (1979–1982) Anton Fier drums & perkusje (1978–1979) | |
leden | ||
Sang, Gitaar & Toetsen |
Glenn Mercer | |
Gitaar | Bill Million | |
Bas & Fioele |
Brenda Sauter | |
Perkusje | Dave Weckerman | |
Drums | Stan Demeski |
Skiednis
bewurkje seksjeThe Feelies bestiet út Glenn Mercer, Bill Million, Dave Weckerman, Keith DeNunzio (ek wol Keith Clayton), Anton "Andy" Fier, Brenda Sauter, Stanley Demeski, Vinny DeNunzio en John J. Yn 1976 kamen sy foar it earst by elkoar en yn 1992 gongen sy út elkoar, nei 4 langspylplaten útbrocht te hawwen. Yn 2008 kamen de bandleden opnij by elkoar. Se ûnderskieden har fan in protte oare punk- en new wave-bands út dy tiid trochdat hja in soad mei soundscape wurken.
The Feelies spilen geregeld yn de muzykklup Maxwell's yn Hoboken. Har albums binne nea yn grutte tallen ferkocht, mar dochs hat har muzyk wol dúdlik ynfloed hân op oare bands as bygelyks R.E.M., dy't seinen troch it earste album Crazy Rhythms (Stiff Records) út 1980 hiel bot ynspirearre west te hawwen[1]. Ek Rick Moody, skriuwer fan ûnder oaren Garden State, neamt de band as ien fan syn ynspiraasjeboarnen[2]. The Feelies sels wienen fral wer beynfloede troch the Stooges, The Velvet Underground en Lou Reed[3].
De namme The Feelies is ôflaat fan in fiktive foarm fan fermaak út it boek Brave New World fan Aldous Huxley[1].
Diskografy
bewurkje seksjeStudio-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op | Label | Single(s) |
---|---|---|---|
Crazy Rhythms | april 1980 | Stiff | Fa Ce-La |
The Good Earth | 1986 | Coyote | |
Only Life | 13 septimber 1988 | A&M | Away |
Time for a Witness | 5 maart 1991 | Sooner or Later | |
Here Before | 12 april 2011 | Bar | |
In Between | 2017 |
Keppelings om útens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |