The Gentle Storm wie in Nederlânske metalprojekt oprjochte as ien fan de projekten fan Arjen Lucassen tegearre mei sjongeres Anneke van Giersbergen, earder fan The Gathering, en wie aktyf tusken 2014 en 2016. Fierders wie der in ferskaat oan muzikanten by it projekt belútsen sawol by de opnames fan it album as by de live optredens dy't hja twa jier jûn hawwe, ûnder oaren op Dokk'em Open Air. Arjen Luccassen sels hat yn dy twa jier mar in pear kear optreden. Yn 2015 brochten se mei dit projekt it album The Diary út.
Album |
Utbrocht op |
Label |
Singles
|
The Diary
|
20 maart 2015
|
InsideOut
|
Shores of India, Heart of Amsterdam
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|