Anneke van Giersbergen

Anneke Maria van Giersbergen (Sint-Michielsgestel, 8 maart 1973) is in Nederlânske sjongeres. Van Giersbergen is foaral bekend as sjongeres fan de band The Gathering. Van Giersbergen wie 10 jier lid fan dy band en mei The Gathering hie se de hit "Strange Machines". Nei't se út The Gathering stapt wie rjochte se de band Agua de Annique op. Yn 2011 gie Van Giersbergen ûnder har eigen namme fierder, om't de kombinaasje fan "Agua de Annique" en "Anneke van Giersbergen" net begrepen waard. Fan 2016 oant 2019 trede van Giersbergen op mei de troch har oprjochte progresive metalband Vuur. Dernei gie se wer solo fierder. Yn 2021 brocht se it album "The Darkest Skies Are the Brightest" út en wie se te sjen yn it Nederlânske telefyzjeprogramma "Beste Zangers".

Anneke van Giersbergen
sjonger en/of muzikant
Anneke van Giersbergen (2015)
Anneke van Giersbergen (2015)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Anneke Maria van Giersbergen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 8 maart 1973
berteplak Sint-Michielsgestel
wurkpaad
sjenre Metal,
Rock
sjongtaal Ingelsk
grutste hit(s) Strange Machines
jierren aktyf 1994-no
Album Utbrocht op Band Single(s)
Mandylion 28 augustus 1995 The Gathering Strange Machines,
Adrenaline/Leaves
Nighttime Birds 15 maaie 1997 The May Song,
Kevin's Telescope
How to Measure a Planet? 9 novimber 1998 Liberty Bell
if then else 3 july 2000 Rollercoaster,
Amity
Souvenirs 24 febrewaris 2003 You Learn About It,
Monsters
Home 15 april 2006 Alone
Air novimber 2007 Agua de Annique Day after yesterday,
Come wander with me
Pure Air 2009
In Your Room 30 oktober 2009
Everything Is Changing 20 jannewaris 2012 Anneke van Giersbergen
Drive 23 septimber 2013 Drive
The Diary 20 maart 2015 The Gentle Storm Heart of Amsterdam
In This Moment We Are Free – Cities 20 oktober 2017 Vuur
The Darkest Skies Are the Brightest 26 febrewaris 2021 Anneke van Giersbergen