The Obelisk Gate
The Obelisk Gate is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster N.K. Jemisin. De titel betsjut: "De Poarte fan de Obelisken". De roman ferfettet it ferhaal fan Essun, in frou dy't yn in wrâld libbet dy't periodyk bleatstiet oan rampsillige klimatologyske feroarings. It is it twadde diel fan 'e trilogy The Broken Earth, en as sadanich it ferfolch op The Fifth Season. The Obelisk Gate waard foar it earst yn 2016 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Orbit Books. Yn 2017 wûn Jemisin mei dit boek de prestizjeuze Hugo Award yn 'e kategory bêste roman, krekt sa't se dat in jier earder dien hie mei The Fifth Season.
The Obelisk Gate | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | N.K. Jemisin | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2016, New York | |
oarspr. útjwr. | Orbit Books | |
prizen | Hugo Award bêste roman 2017 | |
rige | ||
rige | The Broken Earth | |
● foarich diel | The Fifth Season | |
● folgjend diel | The Stone Sky | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 35 65 08 368 |
Ynhâld
bewurkje seksje(Sjoch foar wat foarôfgie de plotbeskriuwing fan The Fifth Season.)
Yn Castrima fertelt Albaster oan Essun dat de perioades fan rampsillige klimatologyske feroarings yn 'e wrâld, de saneamde fyfde seizoenen, dy't jammerdearlike gefolgen hawwe foar al it libben, feroarsake wurde troch it ûntbrekken fan 'e moanne. Dy is nammentlik yn in fier ferline troch tadwaan fan in mislearre eksperimint fan 'e minskheid út syn baan om 'e wrâld hinne fuortslingere, en folget no in elliptysk paad wêrby't er om 'e safolle tiid de wrâld foarbyfljocht. De hûnderten stiennene obelisken dy't yn 'e lege atmosfear fan 'e wrâld sweve, binne restanten fan itselde eksperimint. Albaster hat inkele jierren earder in earste needsaaklike koertswiziging fan 'e moanne beävensearre. Om dat himellichem wer yn syn fêste baan te krijen en sa de fyfde seizoenen foargoed te beëinigjen, is lykwols in suver ûnbeheinde boarne fan enerzjy nedich. Dêrta hat Albaster by de evener in grutte djippe kleau yn it ierdoerflak makke, dy't lava en fulkanyske jiske útspuit. Bykommend foardiel wie dat er dêrmei wraak nimme koe op 'e stêd Yumenes en it Draaipunt, dy't yn 'e kleau ferdwûn binne.
Neidiel is wol dat it ûntstean fan 'e kleau, dy't it iene superkontinint fan 'e wrâld midstwa spalte hat, in fyfde seizoen feroarsake hat dat tsientûzen jier duorje sil. Sa lang kin nimmen ûnder dy omstannichheden oerlibje, dat as it net slagget om 'e moanne wer yn syn fêste baan te krijen, sil al it libben op 'e wrâld útstjerre. De priis dy't Albaster betelje moatten hat foar de dingen dy't er dien hat, is dat er no mei elts gebrûk fan magy fierder ferstiennet. En syn ferstienne lichemsdielen wurde opiten troch syn helpster, de mysterieuze stieniter Antimonium. Albaster is sadwaande net by steat en foltôgje it projekt dat er úteinset hat, en is yn Castrima kommen om foar syn ferstjerren oan Essun te learen hoe't se de moanne fange moat. Hy is lykwols in alderferskriklikst minne learaar, dat Essun har ûnderrjocht giet tergjende stadich.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Essun har dochter Nassun is ûnderwilens mei har heit Jija arrivearre yn Jekity. Nassun hat Essun har orogenyske fermogens urven, krekt as it gefal wie mei har jongere broer Uche. Doe't Jija, dy't de gewoanlike hate en eangst foar orogenen hie, dat ûntdiek, hat er Uche deaslein. Nassun, syn leaflingsbern, hat er lykwols meinommen op syn flecht út Tirimo. Yn Jekity is in mienskip fan orogenen fêstige wêrfan't de rop giet dat orogeny dêr 'genêzen' wurde kin. Jija hat dêr al syn hope op fêstige, hoewol't Nassun hielendal net 'genêzen' wurde wol en ek net leaud dat dat kin, al hâldt se dy beide dingen stil foar har heit. Oankommen yn Jekity docht bliken dat de mienskip fan orogenen dêre laat wurdt troch Schaffa, de earder Beskermer fan Essun yn it Draaipunt.
Oars as dat Essun tocht, is Schaffa nammentlik dochs net omkommen by de oanfal op Meov. Ynstee dêrfan hat er, doe't er drige te stjerren yn 'e djipten fan see, dien wat Beskermers nea dwaan meie: hy hat it op in akkoartsje goaid mei de (libbene) Ierde, de aartsfijân fan 'e Beskermers. Dêrtroch is er in grut part fan syn oantinkens kwytrekke, sadat de persoan dy't Essun as Schaffa koe, net mear bestiet. De Schaffa mei wa't Nassun yn 'e kunde komt hat oare doelen en metoaden, en besaut him oer de dingen dy't er foàr Meov dien hat. Hy hat mar amper mear oantinkens oan Syenyt (sa't Essun oan Meov ta hiet), mar kin him Damaya (Essun as jong famke), dy't bysûnder foar him wie, noch goed tebinnenbringe. As er Nassun sjocht, wit er daliks dat hja in dochter fan Essun wêze moat, sà liket se op har. Yn Jekity fêstiget Jija him as stienbewurker yn it eigentlike plak, mar Nassun jout har by de oare orogenen yn 'e mienskip dy't 'Fûne Moanne' neamd wurdt, dêr't Schaffa him ta in heitfiguer foar har ûntjout.
Wylst sawol it ûnderrjocht fan Essun yn Castrima as dat fan Nassun yn Jekity trochgiet, ferstrykt der in jier wylst it fyfde seizoen almar oanboazet. Behalven fan Schaffa ûntfangt Nassun ek ûnderwiis fan in stieniter dy't se 'Stiel' neamt, om er hielendal griis is. Wat se net wit, is dat dy hiel oare doelen hat as Schaffa. Om't stieniters de obelisken sels net brûke kinne, moatte se orogenen sykje om dat foar harren te dwaan. En de snoade Stiel tinkt yn Nassun in treflik stik ark fûn te hawwen. Underwilens yntrigearret er om alle oare orogenen dy't sa sterk yn harren magyske fermogens binne dat se de 'poarte fan 'e obelisken' iepenje kinne, út 'e wei te romjen. Dêrta helpt er de troepen fan Rennanis, de ienichste oerbleaune ekwatoriale stêd, dy't troch syn ôfhandige lizzing oan 'e ferwoastging ûntkommen is, om Castrima te finen. Syn bedoeling is dat de Rennaniten Albaster en Essun ombringe sille.
It falt lykwols foar de fijân noch net ta om Castrima te feroverjen, dat yn in reuseftige útholle ûndergrûnske geode fêstige is. It earste wat dêrom besocht wurdt, is om 'e gewoane lju fan Castrima tsjin 'e dêr wenjende orogenen op te setten troch it boadskip, oanbrocht troch Stiel, dat Rennanis de hiele befolking fan Castrima, útsein de orogenen, graach yn it eigen fermidden opnimme wol. Tagelyk bringt er ek ien fan 'e ôfskuorde lidden fan 'Essun har' stieniter Hoa, dy't de foarm fan in minske oannommen hie. Essun fynt neitiid de rest fan Hoa werom yn har eigen wente yn Castrima, en se helpt him om himsels te genêzen, wêrnei't er syn eigen (stiennene) stieniterfoarm weromkriget. Underwilens hat it boadskip fan Stiel de ynwenners fan Castrima yn opskuor brocht, en der falle ferskate deaden, wylst ek Albaster komt te ferstjerren as er troch in flater fan Essun hielendal ferstiennet. Syn resten wurde neitiid troch Antimonium meinommen.
Uteinlik wurdt besletten om net ta te jaan oan 'e easken fan Rennanis. Dêrop sette de Rennaniten de oanfal yn op Castrima. Under dy ekstreme omstannichheden leart Essun einlings en te'n lêsten, nota bene fan 'e 'wylde' orogeen Ykka, de liedster fan Castrima, wat Albaster har al dy tiid besocht by te bringen, nammentlik om in netwurk fan orogenen gear te stallen dy't gearwurkje en inoars krêften fuortsterkje. As hja datseldichste prinsipe tapast op 'e obelisken, kin hja de poarte fan 'e obelisken iepenje en leit de wrâld oan 'e fuotten fan har suver ûnbeheinde fermogens. Earst weeft Essun ôf mei de troepen fan Rennanis en mei de stieniters dy't de trewanten fan Stiel binne, en dy't de Rennaniten helpe. Dan ferstiennet se alle minsken yn it fiere Rennanis sels, sadat dy stêd nea wer in bedriging wêze sil. En dêrnei siket se har dochter Nassun, dy't se troch it netwurk fan 'e obelisken fine kin om't Nassun ien dêrfan ta har eigen makke hat.
As se har fan 'e obelisken losmakket, is Essun sa wurch dat se bewusteleas rekket. Hoa soarget der lykwols foar dat se op in feilich plak bedarret. Hy fertelt de ynwenners fan Castrima ek wat se dien hat. Yn it gefjocht is de geode fan Castrima sa skansearre rekke, dat dy net mear bewenber is. Mar no is der in hiele lege stêd, mei alle itensfoarrieden dy't dêrby hearre. Sadwaande risselwearrje de Castrimanen foar de lange reis nei it noarden, dêr't se har yn Rennanis nei wenjen sette sille.
Untfangst
bewurkje seksjeTroch de glânsrike ûnfangst fan The Fifth Season, it earste diel fan 'e trilogy The Broken Earth, wiene de ferwachtings foar The Obelisk Gate heech. De resinsjes wiene tige posityf. Op NPR skreau Amal El-Mohtar "Net allinnich koe ik it [boek] net dellizze – ik koe my der net iens lang genôch fan los meitsje om der wat sinnichs oer te sizzen wylst ik sliep en iten oersloech om it út te lêzen." Ek skreau se: "it [boek] heechljept oer de ferwachtings hinne dy't ik hie oer wat epyske fantasy heart te wêzen en is in prachtich tsjûgenis oer wêr't it [sjenre] him ta ûntjaan kin."[1] Op Tor.com wie Niall Alexander lykwols kritysk oer The Obelisk Gate, mei't er fûn dat it boek "it karakter en it gefoel fan faasje opofferet foar in folle beheinder en stadiger ferhaal. [...] The Obelisk Gate is lyts en feilich wêr't The Fifth Season grut en ferrassend wie; praktysk stilsteand wêr't [The Fifth Season] fluch wie; en hoewol't [The Obelisk Gate] de wrâld en syn omballingen goed útbout [...], is it spitich [...] dat sa'n skoander begjin folge wurde moat troch sa'n stilsteand, mar likegoed folslein lêsber ferfolch." [2]
Yn augustus 2017 wûn N.K. Jemisin mei The Obelisk Gate de prestizjeuze Hugo Award (de wichtichste Amerikaanske priis op it mêd fan science fiction en fantasy) yn 'e kategory bêste roman. Datselde hie se yn 2016 ek al dien mei The Fifth Season, it earste diel fan 'e trilogy The Broken Earth. Jemisin wie dêrmei de earste auteur yn mear as tweintich jier dy't dy priis yn twa opinoar folgjende jierren wist te winnen. Fierders waard The Obelisk Gate ek nominearre foar de Nebula Award fan 2016 yn 'e kategory bêste roman, mar yn dat gefal ferlear it boek it fan All the Birds in the Sky, fan Charlie Jane Anders. Likemin krige The Obelisk Gate de World Fantasy Award fan 2017, dêr't it ek foar nominearre wie. Wol wûn it boek de Romantic Times Reviewers' Choice Award fan 2016 foar bêste roman fan it subsjenre fan 'e hege fantasy.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar mear sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |