The Sound and the Fury

The Sound and the Fury (Ingelsk, betsjut soks as "It Lûd en de Lilkens") is in roman út 1929 fan skriuwer en Nobelpriiswinner William Faulkner: in skriuwer út de Feriene Steaten. De roman is ien út in rige troch Faulkner, út it tiidrek 1929 - 1936, ferbûn oan it fiktive Yoknapatawpha County, Mississippi. De roman hat ferskate fertelstilen, ûnder oare de stream of consciousness.

Omkaft fan de earste edysje fan The Sound and the Fury.

Ut fjouwer ferskate ynstekken behandelt de romand de delgong fan de famylje Compson, dy't yn'e tiid fòàr de Amerikaanske Boargeroarloch gouwen as aristokrasy, mar stadichoan dy posysje kwytreitsje. It is net iens wis at de Konfederaasje by Faulkner wier de kriich ferlern hat.

De titel komt fan in sitaat út it toanielstik Macbeth fan William Shakespeare. Yn it Ingelskː

Macbethː
... Out, out, brief candle!
Life’s but a walking shadow, a poor player
That struts and frets his hour upon the stage
And then is heard no more: it is a tale
Told by an idiot, full of sound and fury,
Signifying nothing.

Akte 5, sêne 5.

The Sound and the Fury waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.