The Unforgiven
The Unforgiven is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica yn 1990 en útbrocht op it album Metallica better bekend as The Black Album fan Metallica út 1991. The Unforgiven wie it fjirde nûmer op it album en waard op 28 oktober 1991 útbrocht as twadde single fan it album.
The Unforgiven | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | Killing Time (Sweet Savage cover) | |
artyst | Metallica | |
album | Metallica (The Black Album) | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Metal | |
útbrocht | 28 oktober 1991 | |
opnommen | oktober 1990 | |
doer | 6:27 | |
label | Elektra | |
skriuwer | Kirk Hammett, James Hetfield, Lars Ulrich | |
produsint | James Hetfield, Bob Rock, Lars Ulrich | |
fideoclip | ||
Metallica: The Unforgiven (Official Music Video) | ||
resultaten | ||
hitlisten | Single Top 100 - 25 | |
sertifisearre | Austraalje 2x platinum, Itaalje goud, Grut-Brittanje sulver, Feriene Steaten goud |
Oer it nûmer
bewurkje seksjeThe Unforgiven is een ballad gewoanwei bestiet in klassike ballad út rêstige strofes en in krêftich refrein, mar by dit liet draaide de band it konsept om. It refrein is rêstich songen en de strofes binne swier. It nûmer waard dan ek diels spile mei klassike gitaren yn stee fan de gebrûklike elektryske gitaren. It nûmer hat twa opfolgers yn The Unforgiven II fan it album Reload út 1997 en The Unforgiven III fan it album Death Magnetic út 2008.
Oer de fideoclip
bewurkje seksjeDe fideoklip dy 't yn swart/wyt filme is, hat as tema in yn finzenskip berne jonge dy't syn libben trochbringt yn in stiennen keamer sûnder ruten. Neigeraden dat de fideo foarderet, wurdt er in folwoeksene en dêrnei in âldman. Hy besteget syn hiele libben oan it snijen yn de stien om in rút te meitsjen.
Muzikanten
bewurkje seksje- James Hetfield – Sang & Gitaar
- Kirk Hammett – Gitaar
- Jason Newsted - Bas
- Lars Ulrich – Drums