Theatre World Award

De Theatre World Award is in Amerikaanske teäterpriis dy't elts jier oan it begjin fan juny yn New York útrikt wurdt oan ferskate akteurs en/of aktrises, foar in treflik teäterdebút op Broadway of off-Broadway yn 'e stêd New York. Dizze priis waard oarspronklik ynsteld troch John A. Willis, de haadredakteur fan it gesachhawwende Newyorkske teäterjierboek Theatre World, en hy waard foar it earst útrikt yn 1946, foar it teäterseizoen 1945-1946. De trofee is in byldsje, ûntwurpen troch keunstner Harry Marinsky, dat bekend stiet as de 'Janus', nei de Romeinske god fan opkomsten, ôfgongen en alle soarten fan begjinnen.

Theatre World Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar treflik teäterdebút yn New York
útrikt troch Theatre World Award Foundation
frekwinsje 1x jiers
datum begjin juny
plak New York (New York)
ynsteld 1946
1e útrikking 1946
offisjele webside
www.theatreworldawards.org

Ferbûn mei Theatre World Award binne twa spesjale prizen, dy't ûnder deselde seremoanje útrikt wurde. De Dorothy Loudon Starnaby Award waard yn 2009 ynsteld en wurdt útrikt troch de Dorothy Loudon Foundation. Dizze priis is ferneamd nei de aktrise Dorothy Loudon, en waard yn 2013 omneamd ta de Dorothy Loudon Award for Excellence in the Theater. Yn 2013 waard ek de John Willis Award ynsteld (ferneamd nei de oprjochter fan 'e World Theatre Awards), dat in oeuvrepriis is, dy't de earste kears wûn waard troch toanielfeteraan Alan Alda. Foar in list mei winners fan 'e Theatre World Award en ferbûne prizen, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.