Theo Baart (Amsterdam, 1957) is in fotograaf dy't him benammen rjochtet op de beboude omjouwing. Hy wurket searjemjittich en wurdt dêrom ek wol in dokumintêr fotograaf neamd.

Hy makke ûnder oaren fotoreportaazjes fan it doarp Nagele en yn opdracht fan it Ryksmuseum Amsterdam in searje oer it wenjen yn nei-oarlochske wiken, de Bijlmermeer. Yn 2005 hie hy in eksposysje yn it Frysk Museum oer de ûntwikkeling fan it oansjen fan Fryslân ûnder de titel "achterland voorland". De fotosearje is yn opdracht fan it Frysk Museum makke yn febrewaris/juny 2005.

Theo Baart wûn yn 2001 de Foto Kees Scherer Priis.

Publikaasjes

bewurkje seksje
  • Snelweg/Highways, oer it libben op en om snelwegen yn Nederlân, 1996
  • Bouwlust, 1999
  • Atlas van de Verandering, 2000
  • Territorium/Teritory Bound, oer de ûntwikkeling fan de Bijlmermeer.