Theodore Sturgeon Memorial Award

De Theodore Sturgeon Memorial Award ("Theodore Sturgeon Betinkingspriis"), ek wol koartwei de Theodore Sturgeon Award neamd, is in Amerikaanske literatuerpriis dy't ienris yn 't jier útrikt wurdt troch it Sintrum foar Science Fictionstúdzje fan 'e Universiteit fan Kansas, oan 'e skriuwer fan it as bêste beoardiele koarte ferhaal fan it science fiction-sjenre fan it foargeande jier. Dizze priis is de wjergader op it mêd fan koarte fiksje fan 'e John W. Campbell Memorial Award for Best Science Fiction Novel foar de bêste roman, dy't útrikt wurdt troch deselde organisaasje.

Theodore Sturgeon Memorial Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar science fiction-literatuer
útrikt troch Universiteit fan Kansas
frekwinsje 1x jiers
datum juny
plak Lawrence (Kansas)
ynsteld 1987
offisjele webside
www.sfcenter.ku.edu/sturgeon.htm

De Theodore Sturgeon Memorial Award is ferneamd nei Theodore Sturgeon (1918-1985), ien fan 'e meast foaroansteande science fiction-auteurs út it saneamde Gouden Tiidrek fan de Science Fiction, fan 1939 oant 1950. De priis waard yn 1987 ynsteld troch Sturgeon syn erven (syn widdo Jayne Sturgeon ynbegrepen) en James Gunn, dy't doedestiden de direkteur fan it Sintrum foar Science Fictionstúdzje wie.

Fan 1987 oant 1994 waard de winner útornearre troch in sjuery fan science fiction-ekspêrs, mei oan it haad skriuwer Orson Scott Card. Fan 1995 ôf wurdt de winner bepaald troch in faksjuery dy't net út auteurs bestiet, sadat der wat mear ôfstân tusken de ynstjoerders en de sjueryleden kreëarre is. Under de skriuwers dy't de priis alris wûnen, binne Ursula K. Le Guin en Pat Murphy. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.