Thomas Aubert
Thomas Aubert wie in ûntdekkingsreizger út Dieppe in Frankryk, dy't yn 1508 yn opdracht fan de skipsreder Jean Ango de kusten fan de Sint-Laurensbaai by it Kanada fan no ferkende.
Neffens de annalen fan dy tiid brocht hy sân yndianen me werom fan syn reis, dyý er yn Frankryk tentoanstelde. Harren kostúms, wapens en kano's lutsen in soad minken yn Rouen, dêr't sy ek mei in protte fertoan doopt waarden. Dêrmei krige de Frânske tsjerke omtinken foar kristlike sinding yn de Nije Wrâld. De Frânske kening hie mear ynteresse yn de ekonomyske mooglikheden, mar brûkte de sindingskant fan de saak as rjochtfeardiging.