Thomas Sjolles Sinia
Thomas Sjolles Sinia (Sibrandahûs (Dantumadiel), 24 april 1823 - dêre, 10 juny 1880) wie in boer.
Hoewol't er leek wie, dochs in foaropman fan It Réveil, dy't jierrenlang de rjochtsinnigens yn de Noardeasthoeke fan Fryslân ferdigene. Ds. Koopmans fan Rinsumageast hie in soad ynfloed op him. Hy hat hûnderten kearen sprutsen yn lokalen en kristlike skoallen en hat ek in soad begraffenissen laat. Sinia hearde by de 'Vrienden van de Waarheid' en wie meiwurker oan it 'Kerkelijk Weekblad'.
Fierders wie er polityk warber en waard er wethâlder yn Dantumadiel. De gedichten dy't er skreaun hat, binne net publisearre.
Yn Rinsumageast is in strjitte nei him neamd.
Literatuer
bewurkje seksje- G. A. Wumkes, It Fryske Réveil yn portretten (Snits 1911) s. 219-237,
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Sinia, Thomas Sjolles.
|