Thundermother is in Sweedske hardrockband oprjochte yn 2009 yn Växjö, troch gitariste Filippa Nässil. De band brocht yn 2014 har debútalbum Rock ’N’ Roll Disaster út. Thundermother hat seis studio-albums útbrocht.

Thundermother
band
Thundermother yn 2018
Thundermother yn 2018
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Sweedsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Hardrock
bestean 2009 – No
label(s) Warner Sweden,
Despotz,
AFM
âld-leden Clare Cunningham sang (2009-2017)
Guernica Mancini sang (2017-2023)
Giorgia Carteri sang (2009-2017)
Tilda Stenqvist drums (2009-2017)
Emlee Johansson drums (2017-2023)
Linda Ström bas (2009-2017)
Sara Pettersson bas (2017-2019)Mona Lindgren bas (2021-2023)
leden
Sang Linnéa Vikström
Gitaar Filippa Nässil
Bas Majsan Lindberg
Drums Joan Massing

Skiednis bewurkje seksje

Thundermother bestie ynearsten út manlju en froulju, mar al gau waarden de manlike bandleden ferfongen troch froulju. Muzikaal wurdt de band ynspirearre troch muzikanten en bands as Randy Rhoads, Zakk Wylde, AC/DC en Creedence Clearwater Revival. Yn 2014 en 2015 brocht de band de earste twa albums út. Nassil skreau it grutste part fan it song materiaal en wie de produsint fan de albums. Mar om 't de klik tusken Nassil en de oare froulju fuort wie, besleat Nassil yn 2017 om alle bandleden te ferfangen.

De feroaring fan leden brocht de winske oplibbing. Yn dizze besetting wurdt it tredde studio-album Thundermother útbrocht yn 2018. By de koroana-pandemy en rekken hâldend mei de omstannichheden, spilen de Sweden op it dak fan in omboude brânwachtwein, joegen lisstuollekonserten, en spilen se yn Drive-in bioskopen. It fjirde studio-album "Heat Wave" waardt july 2020 útbrocht, yn 2022 opfolge troch "Black en Gold".

Yn de maitiid fan 2023 moast Nassil opnij op syk nei nije bandleden nei't se spul hân hie mei sjongeres Guernica Mancini de oare twa froulju setten frijwillich ôf. In koarte tiid letter makken Mancini, Johansson en Lindgren bekend dat se in nije band oprjochte hiene, The Gems. Se waarden ferfongen troch sjongeres Linnéa Vikström earder fan Paralydium, bassiste Majsan Lindberg earder fan Tyranex en drumster Joan Massing.

Diskografy bewurkje seksje

Studio-albums bewurkje seksje

Album Utbrocht op Label
Rock ’N’ Roll Disaster 2 maart 2014 Warner music Sweden
Road Fever septimber 2015 Despotz
Thundermother 23 febrewaris 2018
Heat Wave 31 july 2020 AFM
Black and Gold 19 augustus 2022

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:DE