Tialda Hoogeveen (Haskerdiken, 8 maaie 1974 ) is in Fryske sjoernalist, skriuwer en dichter. Neist boeken en artikels foar bern en folwoeksenen ferskynden fan har hân ek koarte ferhalen, gedichten en in harkspul. Se skriuwt yn it Nederlânsk en yn it Frysk.[1]

Tialda Hoogeveen
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 8 maaie 1974
berteplak Haskerdiken
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk, Nederlânsk
jierren aktyf sûnt 2001
offisjele webside
https://www.tialdahoogeveen.nl/

Nei de skieding fan har âlden ferfear se fan Haskerdiken nei De Jouwer.[2] Tialda Hoogeveen begûn al jong te skriuwen. [3] Yn de tiid dat se yn Londen in kursus folge wie hja au-pair by minsken dy’t wurken as regisseur en as akteur/skriuwer. Fan 1995 oant 2000 studearre hja Kommunikaasje oan de Hegeskoalle Inholland. Letter folge se in tal sjoernalistike kursussen oan de Hegeskoalle fan Utert.

Ein 2001 waard hja redakteur foar de publikaasjes fan de Feriening Natuermonuminten. Tialda Hoogeveen wurket sûnt 2010 foar Fûgelbeskerming Nederlân as redaktrise fan it jeugdmagazine Vogels Junior. Ek wurket se foar de webside fan de Vogelbescherming en skreaun se mei oan in kursus 'Tuinvogels herkennen'. Neidat se yn 2013 har earste artikel skreau foar de kuierkrante Te voet, waard se yn 2019 haadredakteur fan dat blêd. Foar útjouwerij ThiemeMeulenhoff skreau hja mei oan digitale lessen Natoer en Wittenskip.

As freelance sjoernalist wurket Hoogeveen sûnt 2015 foar de deiblêden fan HMC, Roots, De Moanne en Noorderland.

Yn de acht jier dat se redakteur wie by Natuurmonumenten ferskynde har earste berneboek Winterslaap. It wie it earste boek fan fjouwer dielen oer de seizoenen dy’t útjûn waarden troch de Nederlânske Feriening foar Fjildbiology (KNNV).

Yn Alstublieft mevrouw! Een geschiedenis van de Nederlandse Dienstmeisjes beskreau hja de skiednis fan sân Nederlânske tsjinstfamkes. It wie tagelyk in earebetoan oan har beppe dy’t sûnt har fjirtjinde jier as faam wurke hie.[4]

De deiboeken fan de Fryske boer Siebe Peenstra foarmen de haadline foar it beskriuwing fan in lytse iuw boerelibben tusken 1923 en 1984 mei as titel De geur van hooi - hoe het boerenleven in Nederland veranderde.

Har Fryske ferhalen ferskynden yn it jeugdtydskrift LinKk en it Fryske basisskoalletydskrift Tsjek Magazine. In tal fan har losse gedichten waarden publisearre yn bondels. Sa waard yn 2011 nei oanlieding fan de Turing Nasjonale Gedichtewedstryd Was de was opnomd yn Dansen op de maat van het ogenblik. Foar Tsjek skreau se sân fersen oer it tema Wat gjinien wit.

Skoalskriuwer

bewurkje seksje

Om bern entûsjast te meitsjen foar boeken, wurden en ferhalen wurke se in tal jierren as ‘Skoalskriuwer’ oan ferskate Fryske basisskoallen.

  • De geur van hooi - hoe het boerenleven in Nederland veranderde (2020); útjouwerij Thomas Rap; ISBN 9789400405769
  • Het Waterloopbos – ferhalen oer it wetterloopkundich laboratoarium/Hoe't yn de Noardeastpolder in bûtengewoan natoermonumint ûntstie (2017); útjouwerij Blauwdruk; ISBN 978-94-92474-07-0
  • Tuindieren, natoerrige Verrassend Dichtbij (2016) útjouwerij KNNV; útjouwerij KNNV; ISBN 9789050115858
  • Alstublieft mevrouw! Een geschiedenis van de Nederlandse dienstmeisjes. (2014) útjouwerij Thomas Rap; ISBN 9789400403499
  • Stadstuinieren (ko-auteur mei Maureen Kemperink) (2014) EAN 9789050114790

Ferhalen (karút)

bewurkje seksje
  • It fûgelfamke – Tsjek magazine
  • Twa Fammen (LinKk)
  • De redens fan pake (jongereintydskrift LinKk)
  • Myn lân yn de bondel Dj Elle (LinKk)
  • De otterfanger yn de bondel Het grote Helden boek (2011) útjouwerij Callenbach
  • Een koe op een boot, foar de Stichting Omgevingseducatie Gooi, Vecht- en Eemstreek oer it boerelibben yn Kortenhoef en Ankeveen om 1910 hinne.
  • Harkspullen foar it besikerssintrum Natuurmonumenten yn it Noard-Hollânske ’s-Graveland.

Gedichten (ko-auteur)

bewurkje seksje
  • 7 gedichten rûnom it tema Wat gjinien wit yn: Tsjek magazine (2019)
  • Yn ‘e fierte yn de bondel Nearnewâld bij it jubileum 50 jier Skriuwersboun (2019)
  • It grutte foarlêsboek diel 2 (2019) útjouwerij Afûk ISBN 9789493159150
  • Oer Rosa (mar mear oer Hinke) yn It grutte foarlêsboek diel 2
  • Tichterby yn de bondel Minnezinne in moerstaal (2019)[5]
  • En/of God bestaat yn: Er zit een feest in mij (2012); Querido’s poëziespektakel 5
  • Was de was yn: Dansen op de maat van het ogenblik (2011) útjouwerij Augustus; ISBN 9789045704722

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. kinderboeken.nl oer Tialda Hoogeveen
  2. Skriuwster Tialda Hoogeveen en it langstme nei Fryslân in: De Moanne 25 juny 2018
  3. Ik doe wat ik altijd al deed Hûsblêd Wijdemeren, 4 july 2018
  4. De eerlijke dagboeken van een eigenzinnige boer yn: Friesland Post, july 2020
  5. Presentatie dichtbundel Minnezinne in Moerstaal 24 mei 2019