Tichvin (Russysk: Тихвин) is in stêd yn de oblast Leningrad, Ruslân. De stêd leit oan de rivier de Tichvinka, likernôch 215 kilometer eastlik fan Sint-Petersburch.

Tichvin
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Ruslân Ruslân
Oblast Leningrad
Sifers
Ynwennertal 56.716 (2022)
Oerflak 25,4 km²
Befolkingsticht. 2.232,91 ynw./km²
Oar
Stifting 1383 stêd sûnt 1773
Tiidsône (UTC+3)
Koördinaten 59° 38' N 33° 32' E
Offisjele webside
tikhvin.org
Kaart
Tichvin (Ruslân)
Tichvin

Tichvin waard yn 1383 foar it earst neamd en besit sûnt 1773 stedsrjochten.

De stêd is bekend as it berteplak fan de yn 1844 berne komponist Nikolaj Andrejevitsj Rimski-Korsakov. Ek hat de stêd foar de otterdokse mienskip betsjutting fanwegen de ikoan fan de Mem Gods fan Tichvin. Neffens de oerlevering waard de ikoan noch yn de tiid fan de Jongfaam Marije troch de evangelist Lukas skildere.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard de stêd yn novimber 1941 troch de Dútske Legergroep Noard oermastere. De Dútsers moasten de stêd lykwols al wer nei in moanne opjaan om't it bliken die dat it Sovjetyske ferset te sterk wie. Tichvin markearre de fierste opmars foar de Legergroep Noard yn it hiele ferrin fan de kriich.

Befolkingsûntwikkeling

bewurkje seksje
Jier 1897 1926 1939 1959 1970 1979 1989
Ynwenners 6.589 10.269 16.199 18.412 33.971 58.616 71.352
Jier 2002 2010 2018
Ywenners 58.459 58.136 56.716
  • Nikolaj Rimski-Korsakov (1844-1908), komponist
  • Natalja Sorokina (1982- ); biatleet

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Tichwin