Tieme Klompe (Roan, 8 april 1976) is in âld Nederlânsk proffuotballer. Hy spile de measte fan syn wedstriden as ferdigener.

Fuotbalkarriêre bewurkje seksje

As spiler bewurkje seksje

Klompe spile yn syn jonge libben by Fuotbalferiening Roden. Yn 1994 gie hy nei SC It Hearrenfean. Dêr kaam hy earst út foar it twadde alvetal fan de klup. Al nei in healjier by It Hearrenfean rekke Klompe swier blessearre oan 'e rjochterknibbel. Op 1 maart 1997 debutearre hy foar it earste fan It Hearrenfean tsjin Roda JC. Yn 2004 moast Klompe fuort by It Hearrenfean, omdat syn kontrakt net ferlinge waard. Dat wie omdat er de jierren dêrfoar net folle mear yn aksje komme koe fanwegen in pear swiere blessueren, wêrûnder oan de knibbel en de ljisk.

Yn it seizoen 2004/2005 kaam hy út foar RKC Waalwyk. Dêr bleau er ien jier. It seizoen dêrop kaam er as amateur út foar FK Grins. Foar Grins spile Klompe mar ien wedstriid, wêryn't er mei in reade kaart fan it fjild stjoerd waard.

Klompe hat yn syn karriêre 148 kompetysjewedstriden spile, wêryn't hy nea skoard hat.

As trainer bewurkje seksje

Nei syn karriêre as fuotballer, gie Klompe as trainer oan de slach by de jeugdoplieding fan SC It Hearrenfean. Yn 2012 helle Marco van Basten, dy't doe haadtrainer wie, Klompe as assistint by it earste alvetal fan de klup. Letter wie Klompe ek assistint fan Dwight Lodeweges, Foppe de Haan en Jurgen Streppel. Nei it seizoen 2016/2017 naam Klompe ôfskied by It Hearrenfean.

Yn 2018 begûn Klompe oan syn earste put as haadtrainer. Dat die er by Harkemase Boys, dy't yn de tredde difyzje spylje. Ein 2018 waard bekend dat Klompe op syn minst oant 2020 by de klup op De Harkema bliuwt.

Statistiken as spiler bewurkje seksje

Perioade Klup Lân Kompetysje Wedstriden Doelpunten
1996-2004 SK It Hearrenfean Nederlân Earedifyzje 145 0
2004-2005 RKC Waalwyk Nederlân Earste difyzje 2 0
2005-2006 FK Grins Nederlân Earedifyzje 1 0
Totaal 148 0

Keppeling om utens bewurkje seksje