Tien voor Taal is in telefyzjekwis en taalspul tusken in Flaamsk en in Nederlânsk team, sûnt 1989 útstjoerd troch ferskate omroppen wêrûnder VARA, TROS en KRO yn Nederlân, en VRT (eartiids BRT) yn Flaanderen. Sûnt 2006 is it programma allinnich noch by de KRO te sjen. Produsint fan it spulprogramma is Endemol, foarhinne John de Mol Produkties. Sûnt begjin 2009 wurdt it spul allinnich noch troch Anita Witzier presintearre. Ien fan de skriuwers is Driek van Wissen.

It spul wurdt spile mei twa rteams fan trije persoanen, besteande út bekende Flamingen en Nederlanners. Elke ôflevering komt in oare dissipline oan bod.

Yn de finale stride de bêste spilers fan elk team tsjin elkoar. Yn dit einspul moatte binnen ien minút tsien juste wurdbetsjuttings rieden wurde.

Yn de begjindagen fan it telefyzjeprogramma by de VARA wie it spul allinnich in Nederlânske oangelegenheid. Pas letter waard it in kompetysje tusken de talekennis fan Nederlanners en Flamingen. Fan 21 jannewaris 2009 krijt it programma in nije opset en dogge der wer allinnich mar Nederlanners mei.

Der binne ek puzelboekjes dy't ûnder de titel 10 voor Taal ferskine. Se waarden yn it earstoan útjûn troch WIN Productions B.V. fan Jan Meulendijks en Bart Schuil, de betinkers fan het tv-programma Tien voor Taal. Yn 1998 waard dit bedriuw oernomd troch útjouwerij VNU, de tv-tûke WIN TV Productions gie nei John de Mol Produkties.

Presintators

bewurkje seksje

Spulûnderdielen

bewurkje seksje
  • Mei Oare Wurden
  • Sykje de fout
  • Kryptokronkels
  • Wurdritsen
  • Spelling
  • Finale

Eardere spulûnderdielen:

  • Sinspylje
  • Etymologyronde

Der binne meardere ferzjes fan Tien voor Taal op cd-rom útbrocht,en letter is ek noch in ferzje foar de Nintendo DS ferskynd. De Nintendo DS-ferzje biedt de mooglikheid om tsjin elkoar te spyljen en te spyljen fia de Nintendo Wi-Fi Connection.

Keppeling om utens

bewurkje seksje