Timertsmar
De Timertsmar is in marke yn de gemeente Ljouwert. De mar leit tusken Idaerd en it Prinses Margrietkanaal. Oan de westkant stiet de poel middels de Bouwesleat yn ferbining mei it Pomprak. Oan de westkant rint is ferbining troch de Meartynje mei it Prinses Margrietkanaal. Oan dizze ferbining stiet ek de boerepleats Timertsma.
De namme Timertsmar jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme.