Timothy Shelley
Sir Timothy Shelley, 2e Baronet fan Castle Goring (7 septimber 1753 – 24 april 1844) wie de soan fan Sir Bysshe Shelley, 1e Baronet fan Castle Goring en heit fan de romantyske dichter en dramaskriuwer Percy Bysshe Shelley.
Jeugd en ûnderwiis
bewurkje seksjeShelley wie in soan fan Sir Bysshe Shelley en Mary Catherine Michell, Lady Shelley. Hy studearre oan de Universiteit fan Oxford en helle de bachelor's graad yn 1778; master waard er yn 1781. Dêrnei studearre er rjochten yn Lincoln's Inn.[1]
Wurkpaad
bewurkje seksjeShelley waard keazen as lid fan it parlemint (MP) foar it kiesdistrikt Horsham, Susseks by de algemiene ferkizings fan 1790 (-1792).[2]. Hy waard MP foar it distrikt New Shoreham by algemiene ferkiezings fan 1802.[3] By de ferkiezings fan 1806, 1807 en 1812, waard Shelley opnij keazen foar Shoreham hold de parlemintssit oant er him weromloek by de ferkiezings fan 1818.
Persoanlik libben
bewurkje seksjeShelley troude Elizabeth Pilford yn oktober 1791 en hja ferhuzen nei Field Place yn Warnham, sa'n 60 km bûten Londen. It pear krige fiif bern:
- Percy Bysshe Shelley (4 augustus 1792-8 july 1822)
- John Shelley (15 maart 1806-11 novimber 1866)
- Dochter (ûnbekend)
- Dochter (ûnbekend)
- Dochter (ûnbekend)
Titels
bewurkje seksje- Mr Timothy Shelley (1753-1790)
- Mr Timothy Shelley MP (1790-1815)
- Sir Timothy Shelley (1815-1844)
Shelley erfde de baronet-titel yn 1815, waard doe 2e Baronet Shelley, of Castle Goring, Susseks.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|