Frijfaam
In frijfaam is in allinnichsteande frou, dy't maatskiplik beskôge wurdt as by steat om te trouwen, mar dy't dat (noch) net dien hat. Hoewol't men ornaris by it hearren fan 'e term earder tinkt oan jongere froulju fan yn 'e tweintich of tritich, is der gjin inkele reden dat in frijfaam net yn har middeljierren of op jierren wêze kin. Sadree't in houlik einiget yn in skieding of as in ferlykbere fêste relaasje (lykas gearwenjen) beëinige wurdt, is in frou wer frijfaam. Boppedat kinne froulju ek as frijfaam beskôge wurde as harren houlikspartner komt te ferstjerren en hja widdo wurde.
Maatskiplik oansjoch
bewurkje seksjeDe manlike wjergader fan 'e frijfaam is de frijfeint. It frijfammelibben wurdt yn romans, films en op 'e tillefyzje fan âlds minder romantisearre dat it gefal is mei it frijfeintelibben. Dat hat nei alle gedachten te krijen mei de stereotypearring fan 'e geslachten sa't dy ek noch altyd foar in diel yn 'e Westerske wrâld bestiet. Dêrby wurdt oannommen dat froulju graach in gesin stifsje wolle, wylst manlju leaver sa lang mooglik fan 'e 'frijheid' fan it frijfeintelibben genietsje wolle soene.
Troch de oangeande frouljusemansipaasje is dat tinkbyld stadich oan it feroarjen. De Amerikaanske tillefyzjesearje Sex and the City, oer fjouwer freondinnen dy't frijfaam yn New York binne, hat datoangeande in protte ynfloed hân. Krekt as it al langer besteande frijfeintefeest, dat de brêgeman en syn maten foarôfgeande oan in trouwerij fiere, is no ek it frijfammefeest ynboargere rekke, dat foar de brulloft fierd wurdt troch de breid en har kammeraatskes.
Skiednis
bewurkje seksjeFoarhinne kaam it wol foar dat guon dochters út in húshâlding harren hiele libben frijfaam bleaune om't de âlden de breidsskat net opbringe koene dy't fereaske wie om harren trouwe te litten. Foar de Reformaasje giene sokke oerstallige dochters faak yn it kleaster om non te wurden. Yn 'e njoggentjinde iuw en de earste helte fan 'e tweintichste iuw wie it hawwen fan in eigen wurkpaad eins net foar froulju weilein. Hja koene siktaresse wurde, skoaljuffer of ferpleechster. As se trouden, folge dêrop daliks ûntslach, want troude froulju moasten de húshâlding fan man en bern berêde, en koene net bûten it hûs wurkje. Yn dy tiid wiene der inkele froulju dy't dwers tsjin alle maatskiplike ferwachtings yn mei sin dêrom frijfaam bleaune, sadat se in eigen karriêre hawwe koene.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |