Timpel fan Washington D.C.
De Timpel fan Washington D.C. (Ingelsk: Washington D.C. Temple; earder de Washington Temple) is in timpel fan de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen. It is de 18e Mormoanske timpel dy't boud waard en de 16e dy't yn gebrûk nommen is. De timpel stiet yn Kensington, Maryland krekt noardlik fan Washington, D.C. oan de Capital Beltway en waard yn 1974 ynwijd, nei't de iepen dagen fan 'e timpel earder mear as 750.000 minsken lutsen hiene. It is de earste timpel fan 'e mienskip oan 'e eastlike kant fan de Mississippi sûnt 1846, doe't de oarspronklike timpel fan Nauvoo ynwijd waard.
Timpel fan Washington D.C.
Washington D.C. Temple | ||
Lokaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Maryland | |
county | Montgomery | |
plak | Kensington, Maryland | |
adres | 9900 Stoneybrook Drive | |
koördinaten | 39° 03' N 77° 3' W | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Hilligen fan de Lêste Dagen | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1968-1974 | |
Webside | ||
Hiemside |
De bou fan 'e timpel koste likernôch USD 15 miljoen. It is de heechste fan 'e Mormoanske timpels en mei in grûnflak fan 15.000 m² is it de op twa nei grutste. De eastlike spits is 88 meter heech. De ingel Moroni op de heechste spits fan de timpel is seis meter lang en twa ton swier. It ûntwerp mei de seis spitsen, trije oan elts ein, stekt de timpel fan Salt Lake Temple nei de kroan en it bouwurk is ommantele mei wyt moarmer út Alabama. De arsjitektuer en it byldbepalende karakter fan it bouwurk makket fan 'e timpel oan 'e Capital Beltway in opfallend monumint yn 'e omjouwing fan Washington D.C.
De timpel rûn by de ierdskodding fan Virginia op 23 augustus 2011 lichte skea op. Fan fjouwer spitsen briek it heechste diel ôf en ek foelen moarmeren platen fan 'e gevel. Oan it ynterieur wie lykwols neat skeind en ek it besikerssintrum bleau sparre foar fierdere skea. De reparaasjes fan it gebou folgen yn septimber fan dat jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|